teksten part 1 (in progress)
Yn dit part binne teksten foar part 1 te finen. De status is neidruklik 'in progress': de haadstikken binne noch net klear, it iene haadstik is fierder útwurke as it oare.
Yn dit stadium besteane de measte haadstikken út losse tekstfragmenten dy't noch útwurke wurde moatte. Dêrtroch kinne der ek noch tsjinstridichheden yn 'e teksten sitte.
As in haadstik klear is, komt dat der achter te stean.
Hjirûnder stiet de foarriedige ynhâld fan it hiele part. De definitive ynhâld komt tidens it skriuwen ta stân. Dan wurde ek de definitive titels bepaald.
De teksten sels binne - per haadstik - te finen fia it submenu.
ynhâld part 1 (yn it Fryske ryk)
prolooch
foarspelling/liet fan ‘e skald of nachtmerje Balder
1 it hôf
Yntroduksje haadkarakters, lokaasje (en dêrmei tiid)
2 artysten
Tariedingen foar de Joel, de artysten komme
Balder krijt syn takomstfoarspelling te hearren
3 Dorested
Kening Redbad krijt te hearren dat Dorested ynnommen is. Kening (Maarskalk) Pepijn en Willibrord komme om har betingsten foar frede oer te bringen.
4 ting
Mienskip-oerlis op it hôf.
5 oerlis
Balder giet nei de Franken om har oer te heljen it plan net út te fieren en wurdt útlake.
6 it Fryske leger
Balder giet mei it Fryske leger mei om de Franken út Dorested te ferdriuwen.
It leger ferdwynt, Balder komt as iennige werom.
7 Thia
De Franken helje Thia op foar har houlik mei prins Grimoald. Willibrord begjint oan 'e bou fan 'e tsjerke by Utrecht.
Balder wol Thia rêde mar hoe? Hy beslút (op oanrieden fan ‘e wiersister) nei de goadewrâld te gean. Friso folget him.