ferhaallinen



begjinsitewaasje


Balder libbet oan it hôf fan Kening Redbad. Hy is de helper fan de wize dwerch Kwasir, dy’t bysûndere krachten hat. Syn heit en mem binne omkommen by in oanfal fan ‘e Saksen (?) yn it Noarden fan Fryslân. Balder is mei Kwasir flechte nei it hôf. Balder wit niks mear fan dy foarskiednis om’t er of te lyts wie (of in klap op ‘e holle krigen hat by de gefjochten). Hy herinneret him allinne noch it fjoer dat oeral om him hinne wie en hat dêr nachtmerjes oer (en pineholle?). Kwasir jout him krûdedrankjes om dat tsjin te gean.
Balder docht mei (of lústert mei) oan ‘e lessen dy’t prinses Thia en de edelike Friso krije fan Kwasir. Thia is in pestkop, Friso de goedheid self. Balder en Friso binne freonen en beide soene prinses Thia net misse wol, hoewol’t se dat net graach tajouwe.

Kwasir hat de rol fan opfieder fan Balder op him nommen. Hy docht dat op fersyk fan Balder syn heit, de god Odin (Wodan). Kwasir moat it geheim fan de ôfkomst fan Balder hoedzje. Gjinien mei witte wa’t er eins is. By de berte fan Balder is nammentlik in foarspelling dien: Balder sil fermoarde wurde troch syn eigen (bline) broer en dêrtroch sil der in ein komme oan it goadenryk.* De mem fan Balder, de goadinne Freya (Frija) hat alle wêzens op ‘e wrâld frege in eed ôf te lizzen dat se Balder neat oandwaan sille. Dat ha se allegear tasein, ynklusyf syn broer Hödr (Heuder? Hots(e)?). Odin fertrout der lykwols net op. De foarspelling feroaret net en hy beslút om Balder fuort te stjoeren, ûnder begelieding fan Kwasir. Fia de raven Hunin en Munin hâlde sy kontakt mei elkoar.
Odin seit tsjin syn frou dat Balder mei Kwasir nei Hel is om te pleitsjen foar syn libben, mar hy hat Balder nei de minskewrâld stjoert. Dêr fynt Loki, de god dy’t altyd alles yn it hûndert stjoert, him. Ferklaaid as froulike sjenneres seit er Balder in grutte takomst ta, as held, as wichtichste man fan alle tiden. Dat set Balder oan om Kwasir mear te freegjen oer syn ôfkomst , en syn takomst. As Kwasir dêr net dúdlik op antwurdet en seit dat Balder him dellizze moat by syn ôfkomst, is de twifel siedde en giet Balder sels op syk nei syn heldedom. Sûnder meiwitten fan Kwasir.
(* mei en/of kin Balder hielendal net dea gean?)

It is winter oan it hôf fan Kening Redbad en der is dan net in soad te dwaan. Der wurdt net fochten, amper hannele en ek op it lân lizze de wurksumheden stil. Gelokkich is it oer in pear dagen Joelfeest. Elkenien is dwaande mei de tariedingen fan dit midwinterfeest. De sfear wurdt noch better as der in reizgjend selskip oankomt mei in skald (ferhaleferteller) en in sjenneres (de ferklaaide Loki). (Mooglik yn ien persoan.) De sjenneres foarspelt Balder in grutte takomst, fol mei heldedieden. Balder is der oerémis fan. Hy is gjin gewoane jonge, hy is bysûnder, hy is in held! Kwasir besiket him te bedimjen, mar sûnder sukses. Dat betsjut dat Kwasir oergean moat ta yngripender maatregelen. Ommers gjinien mei witte wa’t en wêr’t Balder is. Hy jout Balder húsarrest of jout ien fan ‘e raven de opdracht altyd by Balder te bliuwen. De oare raaf stjoert er nei Odin foar help, mar Loki ûnderskept him. Balder is der lykwols fan oertsjûge te ûntsnappen om syn heldedieden ferrichtsje te kinnen.

Kening Redbad krijt it berjocht dat Dorestêd ynnommen is troch de Franken. Kening Pepijn en Willibrord stean foar de poarte...

ferhaalline Fryske keninkryk (Kening Redbad)


Tidens de tariedingen foar it Joelfeest wurdt de wichtige Fryske hannelsstêd Dorestêd ynnommen troch de Franken. Kening Redbad wol de Franken ferjeie, mar is bûn oan de betingsten fan it Joelfeest: it is in fredesfeest; der mei gjin metaal brûkt of droegen wurde. De Frankyske kening Pepijn en de mûnts Willibrord komme nei kasteel Wiltenburgh om te ûnderhanneljen. Sy sille it kasteel net oanfalle as de Friezen en de Franken in ferbûn slute. By dat ferbûn heart dat Willibrord in tsjerke bouwe mei yn Utrecht en yn Fryslân it kristlike leauwe predikje mei, krekt as yn ‘e tiid fan Aldgilles. En dat prinses Thia troud mei prins Grimoald, de soan fan kening Pepijn. De Friezen krije ien dei om te betinken wat se dogge. Kening Redbad ropt it ting (it mienskipsoerlis) by elkoar. Se wolle gjin ferbûn mei de Franken, mar se kinne net ûnder de easken fan it midwinterfeest út. Se beslute de Franken te oerfallen, mar sûnder metalen wapens. Se gean derfanút dat Freya dat begrypt. Lykwols, as se dy nacht op in paad gean, ferdwale se yn de hieltyd dikker wurdende mist en komme hielendal net by de Franken oan. Op it hôf begrypt net ien der wat fan, mar as Pepijn en Willibrord om in antwurd komme, sizze se dat se yngean op it oanbod fan de Franken en jouwe Thia mei as pân. (...)
As it Freya de mist oplûke litten hat en Odin syn deadeleger oansluten hat by it leger fan ‘e Friezen begjint de striid tsjin de Franken. Kening Redbad giet nei it hôf fan Pepijn, en docht as of er him bekeare litte sil. Op it momint dat er doopt wurde sil, sjocht er der fan ôf, ropt de legers, oerwint de Franken en befrijt Thia.

ferhaalline goadewrâld (Balder)


Balder wennet mei syn ‘master’ Kwasir op it hôf fan Kening Redbad. Hy hat syn heit en mem ferlern by in oerfal fan ‘e Saksen (?) yn Noard-Fryslân. Kwasir en hy binne flechten nei it feilige Fryslân. Balder krijt fan in sjenneres te hearren dat er in gloarieuze takomst foar him hat, fol mei heldedieden. Want hy is in jonge fan hege komôf. Kwasir skoddet mei de holle en fertelt him mei de fuotten op ‘e grûn te bliuwen. Mar Balder dreamt; fan in nije takomst as held. Hy biedt himself oan as soldaat en mei my it leger, as spion. Mar rekket it leger kwyt en komt as iennichste werom fan de tocht; itt leger fan kening Redbad is spoarleas ferdwûn. Balder jout net op, hy moait en sil in heldendied dwaan. Hy giet stikem as boadskipper nei it Frankyske hôf en besiket kening Pepijn en Willibrord oer te heljen om har plan de Friezen te oerfallen net troch te setten. Mooglik heart er in petear tusken Pepijn en Willibrord dy’t sizze dat se de Friezen hoe dan ek oanfalle sille; se wolle Thia en it Fryske ryk.) Balder fertrout Willibrord; foardat Redbad it ferbea, hat er geregeld mei him sprutsen, hy hat sels in krúske krigen. Mar de Frankyske hearen laitsje him út. Se sizze dat hy him wol by har oanslute mei. Ommers: wat ha de Friezen in jonge as him te bieden? By har kin er soldaat wurde en glorieuze oerwinningen behelje. Op de Friezen bygelyks! Balder giet mei werom nei Wiltenburgh, heart de ûnderhannelingen oan en heart Thia gûlen as se mei moat. Hy sjocht Willibrord it kastiel ynsegenjen. Hy bliuwt achter net wittend wat te dwaan. Kwasir fertelt him dat er de tiid syn gong gean litte moat. Mar Balder kin it net akseptearje. Wêrom helpe de goaden net? Watfoar heldedied moat er dwaan? Hy beslút op syk te gean nei de goaden om it har te freegjen...

Yn Asenlân kinne de nornen syn libbenstried net fine. Balder bestiet net. De iene seit dat er heldendieden dwaan moat, de oare seit dat er net bestiet. Balder hâldt de nornen foar de gek en komt sa toch it Asenlân yn en dan... (noch fierder útwurkje)

(Yn it ferhaal fan Balder, de god, fergiet de wrâld omdat toch net foarkommen wurde koe dat de bline broer Balder deadet mei in misteltûke. Dy lêste wie nammentlik noch te lyts om de eed ôf te nimmen en is de iennige dy’t Balder reitsje kin. It ein fan ‘e tiden yn it Germaanske leauwen is lykwols altyd wer in nij begjin. Balder en syn broer begjinne in nije goadewrâld...)