haadstik 1.6


it Fryske leger



ferzje 22 jannewaris 2007


rûge earste ferzje



It klearmeitsjen fan it leger


It is nacht en pikkedonker mar Balder kin alles dúdlik sjen. Hy is yn ‘e bûtenhôf (koarte beskriuwing) Noch foar’t er betinke kin wat er dêr docht, fielt er in triuw yn syn rêch. Hy sjocht om, mar der is gjinien. Dan fielt er it wer. It liket wol oft der wat is dat him nei de binnenhôf skoot. In ûnrêstich gefoel bekrûpt him, mar syn fuotten rinne as fansels nei de poarte. As er der trochhinne gean wol, rûkt er wat. Hy stekt syn holle foarsichtich om poartesdoar en snúft. In skroeiende reeklucht snijt him yn ‘e noas. Brân! Balder draaft de poarte troch en sjocht de hillige beam opljochtsjen tsjin ‘e donker lucht. De waarmte fan ‘e flammen slacht him yn it gesicht en twingt him mear ôfstân te nimmen. ‘Brân!’, ropt er, mar gjinien réagearret. ‘Brân, de hillige beam stiet yn brân!’ Balder sjocht wanhopich om him hinne, mar der is gjinien. ‘De wetterput!’, tinkt er, mar as er him omdraait blykt ek de wetterput fuort. Hy wol weromdrave nei de bûtenhôf, mar syn skonken binne ferstive en komme net los fan ‘e grûn. ‘Help!’, ropt er nochris, ‘Help!’ en sjocht ferwyldere om him hinne. Mar it iennige dat er heart binne de fjoertongen dy’t knisperjend in oerwinningsliet sjonge. Se bûge har nei Balder, kitelje him sacht as wolle se him betoverje. Balder sjocht biologearre ta. De flammen wurde brutaler, se litte hieltyd gruttere skroeiplakken achter. Balder triuwt se fuort en brânt syn hannen. De flammen laitsje, se boartsje en dûnsje om him hinne, slute him yn oant er gjin kant mear op kin. Balder krijt gjin lucht mear. Hy wol raze, mar de reek ferstikt him, syn longen sykje piipjend om lucht mar fine neat. Balder grypt nei syn kiel, hy stikt, hy fielt dat er stikt...

Dan krijt ien him by it skouders en skoddet him troch elkoar. Balder docht de eagen iepen en sjocht yn it gesicht fan Ant. ‘It is de beam’, himet Balder. ‘Rêstich mar’, seit se. Balder fljocht oerein en draaft nei bûten. Dêr is alles donker, hy sjocht gjin hân foar eagen. Ant lûkt him wer nei binnen: ‘It is in dream Balder.’ Balder skoddet mei de holle, mar it byld wol net fan syn netflues; de beam brânt. Hy huveret. Ant set in kom mei wetter foar him del. ‘Moast dy klearmeitsje’, seit se, ‘it leger giet noch foar sinneopgong fuort. ‘It leger!’, even wie it út syn gedachten, mar no is it der wer. Hy is soldaat yn it Fryske leger en dit wurdt syn earste gefjocht. ‘Wêr is myn himd en myn learen jek, en myn swurd...
‘Kalm oan’, heart er út ‘e doariepening. Dêr stiet Kwasir, yn syn prystergewaad mei wite (kalk?) tekens op syn gesicht en hannen. Hy liket grutter en yndrukwekkender as oait, syn stim is donkerder en klinkt as fan fier: ‘Kalm oan, gjinien giet hastich op ‘e dea oan.’ Balder begrypt net wêr’t Kwasir it oer hat en hy wol it ek net begripe. ‘Soldaten binne net bang foar de dea’, seit er. ‘In goed soldaat hat respekt foar de dea’, antwurdet de dwerch. ‘It soe dy siere en nim him serieus.’ Balder lûkt oan ‘e skouders. Hy tinkt oan it Walhalla, de himel dêr’t dappere soldaten (krigers, striders) hinne gean. Fan ‘e ferhalen wit er dat der gjin better plak is dêr. Alles is der: bier, goed selskip, froulju... Hy fielt syn wangen waarm wurden. ‘Kinst hjir noait wer hinne ast dea bist’, seit Kwasir. Dêr hie er net oan tocht. ‘De ear yn ‘e striid giet boppe alles’, seit er gau en tinkt oan ‘e gloarjerike (?) dieden dy’t er dwaan sil en laket grutsk. ‘Ant, wêr bliuwt myn swurd!’ Kwasir skodhollet meilydsum. ‘Dyn swurd mei net mei. Gjin metaal op dizze offerdei foar Frija. En ik hoopje dat se net sjocht hoe ‘sto genietest fan it idee oan fjochtsjen. Dat sil har grif net oanstean’. Balder skrikt. Dêr hie er even net oan tocht. ‘Moatst foardatst giest in offer bringe by de wetterboarne achter de ...) ‘Mar dat is fier fuort en it is al hast ljocht!’, ropt Balder. ‘Asto it hiele leger yn gefaar bringe wolst, moatst dat sels witte’, bromt de dwerch en sjocht Balder ynkringend (trochdringend) oan. Balder twifelet. Hy heart al fuotstappen bûten, se geane rjochting poarte. ‘It kin net’, seit er. Kwasir fronst. ‘Toe Kwasir, sis dat it net hoecht. Ik sil in offer yn ‘e hillige beam hingje.’ ‘Tinksto datst der sa maklik ôfkomst?’, freget de dwerch. Hy slacht syn fearren gewaad om him hinne en wurdt wer de pryster. ‘Frija is de mem fan al it libben, tink dêr goed om.’ Balder slikt en slacht de eagen del. Dat klinkt it lûd fan in hoarn. ‘It leger sammelet him’. Balder lûkt it learen jak strakker om hinne en gespt syn riem om. Ant docht syn (beenkappen) om. (Neisjen wat se oan hienen yn dy tiid) ‘Klear’, seit Balder en wol fuortrinne. ‘Nimst hielendal gjin wapen mei?’, freget Kwasir. Balder stoppet (hâldt stil). ‘In wapen, fansels, mar wat? (Wapens sûnder metaal: Pylk en bôge, stok, houten swurd, skild, priem, ... Fan stien: mes, pylk, spear...) Hy krijt syn mes, dat hat in houten (lemmet) en in fjoerstiennen blêd. ‘Hjir, nim ek dizze mei!’, heart er neist him. Kwasir jout him in spear (in magysk wapen, dat Balder beskermet, sûnder dat er dat wit), sa lang as er sels is. ‘Mar dat is .....’. Do silst him noadich ha’, antwurdet de dwerch. ‘Dankewol’, stammeret er. ‘En no fuort’, ferfolget Kwasir. Balder draait him om en draaft sa hurd er kin nei de haadpoarte dêr’t de soldaten har sammelje.

By de poarte stean al in kloft manlju. Balder herkent ... Friso ropt him. Hy stiet by syn heit en broer en noch in nustje gefaarlik útsjende manlju dy’t er net ken. Hero laket. ‘Balder, grutkeardel, bist der klearfoar?’. Hy mept him keihurd op it skouder, sadat Balder sawat yn ‘e drek falt. Hy kin noch krekt syn spear foarút stekke om him tsjin te hâlden. (komt der in skuorke yn??)

Dan nimt Kening Redbad it wurd. Hy sjocht der ûnoerwinlik út yn syn , mei syn maliënkolder ?) en grutte spear? ...

De keningsbanier


Thia en de banier. Kwasir oerhanneget. Ritueel betinke.

I

t leger giet fuort


Strategy betinke foar de oanfal (Hoe wurdt it leger formearre, wa is by wa, watfoar wapens hat elk)
De rol fan hynders betinke... (hat redbad syn eigen fryske hynder offere foar de striid?)
(Achterbliuwers)

De mist


Kening Redbad hat it leger opdield yn trije groepen; de ferkenners, de
Hynders, (Strategy betinke). Troch it spionearjen fan Balder wit dat de Frankyske har troepen har ferskânze (ferskûle) hawwe, (spylje de raven ek noch in rol???)
De .. dy kant op, de ..., dêr hinne en de ... en Balder en Friso (?, as Friso ek ferdwynt moat Thia mei nei it goadenryk) gean mei mei. En tink derom it moat in ferrassing wêze, dus gjin gelûd (lûd). (Stille strijdkreet)
Is de mist der al en sjogge se dat as foardiel: Freya is ús tagedien.
Dat pakt allinne oars út:

Balder sjocht hoe ’t Friso ferdwynt yn ‘e mist. De wite slieren slingerje har om de soldaten en ferdichtsje har. Kening Redbad mompelet: ‘It liket wol oft de mist har opslokt’. Balder huveret. ‘Kom’, flústert Redbad, ‘dizze kant op’.

De fraach is even,, wêr komme sy út. Ferdwynt it hiele leger yn ‘e mist? Ik kin my net yntinke dat de kening syn leger allinne ride lit, hy sil der sels bybliuwe. Wêr is Ado? Hat dy wat doms oan syn foet ofsa, in splinter yn ‘e kont en kin er dêrom net hynderride? Hat er dêrom it befel krigen oer Wiltenburch?

Hoe komt Kening Redbad werom? Is er yn koma? Wat is der dan bard?

Prachtige beskriuwing meitsje fan Dizen of Elven (in soarte fan Mistsirenen, dy ’t de manlju earste ferliede en dan oermasterje (fêstbine, knevelje, slaan, sm..., deadseangst...))

*

Balder sjocht op. ‘Hearsto dat?’, freget er Friso. Friso docht syn best om troch de twambeistruken te kommen. It is oft de tûken him oeral te pakken nimme. ‘Dizze strúk hat earmen en sterke ek’, bromt er. ‘Stil’, seit Balder, ‘lústerje! (hear)’. Friso lûkt in agressive §echt, it lykje wol frouljusstimmen’. ‘Do dreamst’, seit Friso, ‘fan famkes, middenyn in oanfal op ‘e fijân. Oan dy hat it Fryske leger wat! Kinst better helpe dit paad frij te meitsjen!’ Balder sjocht nei Friso. It swit stiet him op ‘e holle en hy sjocht read en bluisterich. De stimmen wurde lûder. Balder krijt Friso by it skouder en twingt him stil te stean. As er sjocht dat Friso wat sizze wol, leit er de finger op ‘e lippen en makket dêrnei in stopteken mei de hiele hân. Friso heart it no ek. ‘By Frija (Germaanske flok)’, seit er en bliuwt stokstiif stean, ‘it liket wol sjongen.’ Hege ile lûden komme op har en wurde lûder. ‘It is sjongen.’ ‘It binne de dizen (walküren of elfen) fan Frija dy’t ús lokwinskje, seit Friso hoopfol.

Tsjin eigen demoanen fjochtsje.

(Kwasir)

Balder bringt de bewusteleaze kening Redbad werom


Balder rêdt er de kening, wylst dy stjerre wol, selsmoard (keningsoffer)?

Thúskomt fan Kening Redbad. (A la Don Quichote en La Mancha)
Reaksjes.
(ein 1.6)