haadstik 1.1
ferzje 16 novimber 2006
it Fryske hôf op kasteel Wiltenburch (yntroduksje)
losse fragminten
Griis
Alwer in grize dei. Balder sjocht mistreastich nei de donkere wolken boppe kasteel Wiltenburg. Hy fynt niks oan winter en alhielendal net as it reint. En reine docht it, al dagen achter elkoar. De binnenhôf is feroare yn ien grutte drekboel. ‘Moatst bliid wêze datst net yn ‘e bûtenhôf wennest’, seit Kwasir tsjin him. ‘Dêr sûcht de dridze sa, datst gjin stap mear sette kinst.’ Dat mei sa wêze, mar dat feroaret net dat it rotwaar is. En dat Balder pisje moat. En om te pisjen moat er nei bûten. Hy trappelet mei de fuotten. ‘Meist wol achter op ‘e pot’, seit Kwasir. Op ‘e pot? Balder huveret. Hy wol net op ‘e pot. Hy wol derút.
De latrines wurde skjinholden troch (nammen). Se binne slaafmakke by de lêste oerfal fan kening Redbad op ‘e Franken. Se dogge it wurk mei tsjinsin. En terjochte fynt Balder. Ek hy moat alle dagen de pot leegje en hy fynt it in dom en smoarch putsje. Dêrom giet er der self noait op, op ‘e pot. Eins moatst er ek net op ‘e latrine gean. Dan hoege (nammen) dy ek net skjin te meitsjen. Mar dat betsjut dat er bûten it hôf gean moat en it reint noch hieltyd. ‘Noch even en dan is it hjir ek wiet’, mopperet Kwasir. Balder suchtet, lûkt de kap fan syn jas omheech en draaft nei de latrine. Dêrfoar moat er nei de achterkant fan it kasteel dêr’t ek de wapenopslach is. Hero stiet dêr op wacht. Balder draaft him foarby. ‘Moatst noadich?’, laket Hero. It liket oft de rein him niks docht. Balder knypt syn lippen op elkoar en rint troch. Mar dan sjocht er dat de latrine fol mei wetter stiet. Troch de oanhâldende rein is er folrûn en stiet op oerstreamen. ‘Lekkere boel of net?’, gnysket Hero. Wat moat er no? Balder knypt de knibbels tsjin elkoar. ‘(Namme) hellet de slaven. Ferrekkelingen. Ik stean hjir by waar en ûnwaar op wacht, mar moatst miene dat se frijwillich de latrine skjinmeitsje.’ Salang kin er net wachtsje. ‘Ik moat no’, pypt Balder. ‘No?’, pestet Hero, ‘No-no of no-drekt?’ ‘No-no’ seit Balder en sjocht sykjend om him hinne. ‘Ast it mar litst’, seit Hero, ‘net by ús wapenarsenaal. It rusket al genôch mei dit waar.’ Balder byt op syn lippen. ‘Meist it wol yn myn helm dwaan’, seit Hero en krijt de helm fan ‘e holle. Balder sjocht him ferbjustere oan. ‘Dat doch ik self ek.’ ‘Dat mienst net’, seit Balder. ‘Nee!’, Hero laket noch hurder. ‘Nee, fanself (tuerlik) net!’ en hy set de helm wer op ‘e holle. Balder is ferstuivere en fielt syn krús waarmer wurden. Hero slacht dûbel fan it laitsjen. De slaven komme deroan, ûnder begelieding fan ..., de oare wachtsoldaat. ‘Wat is hjir oan ‘e hân? Balder draaft hurd fuort. Achter him heart er Hero tusken it laitsjen troch sizzen: ‘Hy moast hiel noadich’. Balder draaft om it kasteel hinne, de earste poarte út, by de hillige beam del nei de twadde poarte. Hy rint troch it bûtenhôf. Hy heart Ant nei him roppen, mar draaft troch de tredde poarte troch en dan is er it hôf út, by de Rijn. Hjir is gjinien. Yn ‘e winter leit it hannelsferkear stil. Balder raast, skopt yn it sân fan ‘e rivierbedding en lit him dan op in grutte stien falle. Hy fernimt de rein net mear dy’t mei streamen oer him hinne rint. Hy is allinne, ien en allinne.
‘
Au’
‘Au’. Balder grypt nei syn rêch en sjocht ferheard om. ‘Siest wer te dreamen’, flústert Thia. Balder grypt nei de biennen nulle dy’t Thia noch yn ‘e hân hat. ‘Bliuw ôf’, seit se. Mar Balder set troch. Thia prikt mei de nulle rjochting syn hân. ‘Au’, ropt Balder, ‘moatst sjen watst dochst!’. Der ferskynt in druppeltsje bloed op ‘e boppekant fan syn hân. ‘Hâld op!’, sist Friso, dy’t neist Balder sit. ‘Aanst wurdt Kwasir wekker.’ Mar it is al te let. It iene each fan de wize dwerch dy’t foar de klasse sit giet iepen en draait rûn, sykjend om dat wat him steurde. ‘Klear Friso?’, freget de mûle fan it lytse grimmitige mantsje, dat as in ûle foar op ‘e tafel in sit. Friso krijt in kleur, stammeret wat. Dan giet ek it oare each iepen. It sjocht freegjend nei Balder en dan nei Thia. Balder skoddet de holle, Thia slacht de eagen del. ‘Mmm’, de eagen draaie fuort. De dwerch lûkt it fearren kleed dat er om hat wat better om him hinne en begjint dan sachtjes te snoarkjen. ‘Dat skeelde niks’, flústert Friso. ‘Ik wol hjir net de hiele dei sitte’. ‘Hy siet wer te dromen’, seit Thia. ‘Sy stuts my mei in nulle, moatst sjen!, seit Balder en lit triuwt Friso syn hân ûnder eagen. Friso docht de earmen oer elkoar. ‘Jim binne krekt lytse bern. Dat seit ús heit altyd en hy hat gelyk.’ ‘Jim heit moat der mar omtinke’, ropt Thia, ‘jim heit is in ferrieder’. Dat lit Friso him net sizze. Hy krijt de runeplank(?) dy’t foar him leit en slacht dermei nei Thia. Mar Thia is fluch, se dûkt fuort, stekt de nulle foarút en rekket Friso. ‘Au’, skreeuwt Friso, ‘heks (njirre)’. Hy grypt mei beide hannen nei syn side. Twa giele eagen fleane iepen. In stim bulderet: ‘Wat is hjir oan ‘e hân?’ Balder en Thia sjogge nei de grûn. ‘Ik bliedzje’, seit Friso. De dwerch komt oerein, springt fan tafel en waggelet nei Friso. ‘Bliedzje?’. Friso lit syn himd sjen. Der sit in spjeldeprik read op. ‘Ik ek’, ropt Balder. Hy knypt him noch even gau yn hân sadat in nije drup bloed ferskynt en hâldt syn earm nei foaren. ‘Sjoch mar’. ‘Mmm’, seit Kwasir en sjocht nei Thia. ‘Ik ek’, seit se. Balder en Friso draaie har ferwondere om. ‘Ik bliedzje ek, sjoch mar!’. (Of: ‘Au, au, au’, ropt Thia, bloednoas, bloed op it kleed dat se borduere moat.)
Thia hat wat slimmers, wat wêrtroch se fuort mei, net mear hoecht te learen foar it Joelfeest en de jonges foar jankfodden oansjoen wurde en ekstra leare moatte.
De jonges foeterje. ‘Hear ik wat?’, freget Kwasir. Balder en Friso hâlde fuort op en bûge har oer har wurk (?). Kwasir glimket. ‘It wurdt in lekker lange nacht. ‘Es sjen oft se dêr wizer fan wurde’.
De hut fan Kwasir
Oan it ein fan ‘e rige húskes, hielendal oan it ein en in bytsje achterôf, stiet de hut fan Kwasir. Hy is krekt as de oare húskes heal yngroeven, mar bestiet hielendal út stien. Grutte grize brokken, dy’t troch passen en mjitten har plak krigen ha. Kwasir wol net yn in houten hûs wenje. Dwergen wenje net tusken de beammen, mar yn ‘e bergen, seit er altyd. Mar de froulju sizze dat it komt omt Kwasir doe’t er jong wie opsluten sitten hat yn in baarnend hûs. Dêrom sjocht er der ek sa tatakele út, mei syn fierstente donkere hûd, djippe groeden en littekens. Se kodzje meilijich de holle. Allinne Kwasir is libben út it hûs kommen. Syn mem ferbaarnde.
’t Is de straf fan Wodan, seit lytse Gryt. Want syn mem hie magyske krêften. it stiel dat sy oanrekke waard sa hurd dat it noait bruts. Syn heit (ferhaal betinke...)
De heit fan Kwasir luts him, ferslein fan fertriet, werom yn ‘e bergen by syn famylje. Kwasir bleau achter, noch te lyts foar de swiere reis. Syn heit liet wol wat foar him achter: it koaltsje fjoer yn in hoarn. Sadat Kwasir alle kearen it fjoer dôvje koe en net hieltyd op ‘e nij fjoer hoechde te meitsjen. ’t Wie oanstutsen seit muoike Met. Dat wit elkenien. Wêrnei’t de froulju (of rúzje krije, of allegear stil foar har út sjogge. Of se wurde stil as se Balder sjogge)
Yn de hut fan Kwasir is it altyd donker, ien inkeld kearske baarnd der. Yn ‘e hoeke stiet in koai mei in swarte fûgel deryn. It is in raaf (raven), dy’t mei syn poat oan in ketting fêst sit oan de stok dêr’t er op sit. (noch oer nei tinke) Kwasir fuorret it bist deade mûzen, dy’t er ôfpikt fan ‘e katten dy ’t by de keuken en de foarriedkelder omhingje. ‘Wêrom sit de raaf fêst oan syn stok?, freget Balder. ‘Hy sit toch al yn in koai?’. Kwasir mompelet wat. ‘En it doarke yn ‘e koai is te lyts om troch te fleanen. Hoe is dy fûgel der eins yn kommen?’ Balder sjocht nei Kwasir, dy’t ûnderyn in stapel siket. De stapel skoddet bjuster (ysbaarlik?). ‘Ik ha it’, seit Kwasir, en hâldt triomfantlik in lyts tin skrift omheech. Hy blaast en it stof fljocht oeral hinne. Kwasir wapperet it mei syn hannen fuort. ‘Ik tocht dat ik it noait fine soe’. (wat is it? In oersetting fan tekens, romeins en runen, in geheim dokumint, in brief?)
Boeken, klaaitabletten mei runeskrift.Boeken ha de Romeinen achterlitten, of se binne stellen, meinaam fan oerfallen. Kwasir is de iennige dy’t se lêze kin, it alfabet. Leart er it oan kening Redbad, en oan Balder? Of Thia?Kwasir hat gjin frou. Ant, ien fan ‘e slaven fan kening Redbad bringt him syn iten. Syn drinken brout er sels. De mee dy’t dat opsmyt, wurdt wurdearje. Sûnder drank fan Kwasir gjin feest.
Geheimen
Balder syn holle liket te barsten. ‘Wêrom toch altyd dy pineholle?’
‘Miskien bin ik wol de soan fan kening Redbad’, tinkt er, ‘dy hat ek altyd pineholle. Miskien wol er dat wol net sizze om ’t er fynt dat ik in sa gewoan mooglike opfieding krij’. ‘Of omdat prinses Thia net witte mei dat se in healwize healbroer hat’, suchtet Kwasir. Balder skrikt. ‘Kin Kwasir no ek al gedachten lêze?’. ‘Do tochtest lûdop’, ferklearret de dwerch. ‘Is gefaarlik’. Balder klapt syn mûle ticht. ‘Tocht ik lûdop?’, tinkt er. ‘Ja’, seit Kwasir. ‘Moatst leare dy te behearskjen. Ik kin dy lêze as in boek.’ ‘Witsto al myn geheimen’, freget Balder. ‘Hasto dan geheimen?, antwurdet Kwasir. Balder tinkt nei. Hy kin net in geheim betinke. Of it moat wêze dat er Thia... Nee, dat is net sa. Of dat er stikem in bonke stelde(?) út ‘e keuken fan Ant foar de wolf fan Louwrina. ‘Grutte geheimen’, seit Kwasir. ‘Ik leau it net’, bekent Balder. De dwerch leit in hân op it skouder fan Balder. ‘Dat is in goed ding’, seit er, ‘want geheimen binne it begjin fan in hiele protte ellende’. Balder sjocht in donkere blik yn ‘e eagen fan ‘e dwerch. Kwasir glimket, sichtber mei muoite.
Slaaf
‘Wêrom mei ik net yn it kastiel ite en Friso wol?’, freget Balder oan Min. ‘Ferskil moat der bliuwe’, seit se. ‘Ik soe net witte wêrom’, seit Balder. Kwasir dy’t oant no ta ûnsichtber yn ‘e finsterbank siet, stiet op. ‘Wêrom?, krast er. Balder skrikt. Kwasir komt op him ta en de giele eagen boarje har yn syn siel: ‘Wêrom Balder?’. ‘No ja, wêrom is Friso better is ik. Ik wit folle mear... ‘Tsss’, hiset Kwasir, ‘Ik wit noch folle mear en wêr sit ik?’ Hy wiist nei de finsterbank. ‘It is dyn lot Balder’, seit Ant. ‘Akseptearje dyn plak en do silst gelokkich wurde’.
Balder mokt. Gelokkich wurde? Hjir altyd yn dy donkere ûndergrûnse kelder sitte? It griist him oan. ‘Bin ik dyn slaaf?’, ferfoget er. ‘Wat tinkst self’, antwurdet Kwasir. ‘Ik wit it net’, seit er, ‘Ik moat dy helpe en mei net fan it hôf’. ‘Mar ik lear dy alles dat ik wit’, seit Kwasir. ‘Dat is sa’, erkent Balder. ‘Mar wat ha ik deroan om alles te witten as ik der niks mei dwaan kin?’. ‘Witte is de wiere rykdom’, orakelt de dwerch, ‘gjinien dy’t dy dat ôfnimme kin’ en stekt syn noas neidruklik yn ‘e boeken. En wer hat Balder it gefoel dat er ôfpaaid is.
Dan ynienen as by heldere himel, in donderslach. Se skrikke. It kastiel trillet op syn grûnfêsten. ‘Wodan hat al dagen in min sin’, seit Ant. ‘Ha we wol genôch offere?’. ‘Der is net mear’, seit Kwasir. ‘Dat sil er ek witte’. Ant rint nei de doar: ‘It is noch noait sok waar west yn dizze tiid fan it jier. it al hast Joelfeest en moast sjen. It wetter stiet oant de earste hikke (palisade) ta, ynstee fan fol mei iis te lizzen. Noch even en dan spiele we fuort.’ Ant skoddet de holle. ‘Ast it my fregest binne der minne tiden op komst.’