haadstik 1.2


ferzje 16 novimber 2006



tariedingen foar de joel/artysten


titel: it lot (?)



rûge earste ferzje (noch net klear)



Fraach: moat Balder in skûlnamme, sadat er net troch de goaden fûn wurde kin? (Byg. Widu, Wiet, Wiete = wyt, blond yfm heilige karakter fan de kleur wyt, as sûnder sûnde: nammefariant Wieds(e) ... Balder betsjut trouwens boud, koen, dapper, driest, stoutmoeding, onverschrokken.)



artysten



begjinsitewaasje: Yn 'e hut fan Kwasir. Balder is fuort om in putsje te dwaan yn it bûtenhôf, wat by Ant helje bygelyks.



Elkenien is ûnrêstich. De krúk fan Ant falt stikken as Huginn samar ynienen opfleant en kritend yn ‘e lytse romte hin en wer fleant. (Of komt er binnen mei in berjocht?). Kwasir griemt fan skrik de hiele pot inkt (kras troch?) oer it manuskript (de runetafel), dêr ’t er al dagen mei oan ‘e gong is. ‘Der hinget wat yn ‘e loft’, seit Ant. ‘Net folle goeds, ast it my fregest’, antwurdet Kwasir. ‘Is kening Redbad al werom?’ Ant skoddet mei de holle. (fan ‘e jacht, of fan syn reis nei kasteel Redbad yn Alkmare(?).) Ant skoddet mei de holle. Hy suchtet. Somtiden woe er dat er net oan ‘e opfieding fan Balder begûn wie. Net dat it gjin goeie jonge is, nee, earder noch te bêst, mar hy hâldt der net fan om op ien plak (stee) fêst te sitten. Hy mist de tochten nei ûnbekende oarden, nei nije minsken en nije ynsichten. (En hy soe graach syn famylje wer sjen (letter, by de swarte bergen). Al syn boeken hat er al fiif kear lêzen, of mear, en alle kennis dy’t yn syn holle sit is fêstlein yn lytse kraskes yn tabletten of op de achterkanten fan Romeinske geskriften en boeken. ‘It lot is net te kearen’, tinkt er. ‘Wat makket it út oft Balder hjir is of erges oars?’ In nearzich (neargeastich) gefoel bekrûpt him. It is oft wurdt er troch de nacht oerfallen. Hy huveret. Wêr bliuwt Hugin, de raaf, toch? We binne hjir al lang, miskien wol te lang, stelt er fêst. ‘Wolsto ús reisklean neisjen en meitsje?’, freget er Ant. Se sjocht op. ‘Gean (sille) jim fuort?’, wol se freegje. Mar Kwasir hat de eagen ticht en mompelet wat foar him út. ‘Fanself’, seit se en skarrelet troch de hut op syk nei broeken, jassen, mûtsen en wanten. Se hopet dat se net lang fuortbliuwe sille, want se sil Balder misse. Der is gjinien oars dy’t har ferrasse sil mei in spesjaal krûd of in spesjale stien of bast (útwurkje). ‘We komme net werom’, seit Kwasir. Ant skrikt. Net wer werom? Se lit de rêchsekken (reissekken, ôfhinklik fan hoe ‘t se reizgje) út har hannen falle. ‘Nee’, seit se sacht. Se krijt (pakt) de rêchsek fan ‘e flier en begjint him wol te stopjen. Der rint in trien oer har wang, se faait him hastich fuort. Koe se mar mei. Mar in libben bûten Wiltenburch leit net op har paad. Har heit en mem ha har ferkocht doe ‘t se in lyts famke wie, mar dêr herinneret se har niks mear fan. Se wit net better dan dat har libben is foar altyd bûn oan kening Redbad. Of der soe in wûnder gebeure moatte. En Ant leaut net yn wûnderen. ‘Sjochst Balder al oankommen?’, freget Kwasir. Ant rint nei de doar, sjocht om har hinne. ‘Nee’, antwurdet se. Kwasir grommelet. Ant set de rêchsekken neist de hurd. ‘It is in goeie jonge’, seit se foardat se de doar útgiet. Kwasir reagearret net. Hy sit stiif stil nei it fjoer te stoarjen. (en...) Ant skoddet de holle. Se begrypt it net, mar se wit ek, dat it net oan har is om fragen te stellen. Se draait har om en skarrelet op hús oan.

*

De wachter fan ‘e grutte poarte (poart?) blaast er op syn hoarn. It gelûd (lûd) rikt fier, it is oer it hele stee te hearren. Balder sjocht op: Wat soe der wêze?. ‘As it mar gjin Franken binne’, heart er in âld wyfke neist him sizzen. De soldaat op de poarte ropt wat tsjin in oare soldaat op ‘e grûn. Balder kin it net ferstean, mar sjocht de soldaat winken. De poarte moat iepen. Dat is de earste kear dizze winter. Wa soene it wêze? Friso komt oandraven. ‘It binne reizigers, se komme mei hannel en ferhalen foar de Joel. Hear! Muzyk!’. Se lústerje nei de klanken fan in fluit. Balder kin it hast net leauwe. Einliks is it dan safier, de Joel komt deroan! Dat betsjut dat it hast midwinter is, en dat betsjut de winter al heal foarby is! ‘Hast se al sjoen?’, freget er. Friso skoddet de holle. Der sammelje har hieltyd mear minsken foar de poarte. ‘We gean nei de wapenopslach (kazematten). Hero lit ús fêst op ‘e muorre.’ En dat docht er. Even letter, rinne se heech op ‘e muorre. ‘Tink derom’, ropt Hero, ‘dat se jim net sjogge!’ Se dûke yn elkoar en gean krûpendeweis fierder. Se gluorkje (?) se stikem tusken de kantelen (sjitgatten?) troch. ‘It liket wol in mierenêst’, seit Balder, ‘sa krioele de minsken troch elkoar. Sjoch dêr is Ant!, se stiet te swaaien. Dy wol ek witte wa’t der binne.’ (Ant swaait yn werklikheid nei Balder om syn oandacht te lûken) Stil slûpe se nei de poarte ta, sadat se sjen kinne wa ’t der oan ‘e oare kant steane. ‘It is der mear as ien’, flústeret Friso. ‘In jonge jonge dy’t fluitet, en in lange man mei in frjemde mûtse (mûts) op. Hy hat in triuwkarre by him. En in frou. En in hûn’. ‘Dat is toch gjin hûn?’, seit Balder. Se hearre argewaasje oan ‘e oare kant. Kwasir komt deroan mei yn syn kielwetter (kielzog) in groepke soldaten. ‘Gjin frjemd folk yn it bûtenhôf’, heart Balder him sizzen. De wachters binne ferbjustere. Elk jier mei de Joel komme der reizgers; ferhalefertellers of artysten foar de fiering fan midwinter. Mar Kwasir hâldt oan. ‘De poart bliuwt ticht.’ De minsken rûzemûzje (?), se leauwe it net. Sil der einliks ‘es wat gebeure (barre) dizze lange saaie winter en dan seit de dwerch dat it oer giet. ‘En it hillige gastrjocht dan?’, freget Ant. ‘It hillige gastrjocht seit dat we gasten mei iepen earmen ûntfange moatte.’ ‘It kinne wol ferklaaide Franken wêze’, seit Kwasir. De minsken sjogge elkoar oan: Ferklaaide Franken, dêr ha se noch noait fan heard. De soldaat op ‘e muorre ropt: ‘Se sjogge derút as gewoane reizgers, mei in hânkarre en in hûn. Ik sjoch gjin wapens, of it moat de fluit wêze dy’t de jonge by him hat.’ De minsken laitsje. Kwasir hellet de heilige spear(?) achter syn rêch wei en tilt him mei beide hannen yn ‘e loft. It liket krekt oft er grutter wurdt. De mannichte(?) wurdt stil. ‘Hear, minsken, hear, gefaar komt net altyd herkenber (werkenber)...’, begjint er. Mar dan komt (hear) Ado Wurssing tuskenbeide (dertusken/bemuoit him dermei). ‘Wêr is kening Redbad?’, freget er. ‘Dy is op jacht’, seit Kwasir. ‘Op jacht nei froulju seker’, ropt Ado. It folk laket. Ado wit dat er se op syn hân. ‘En wa hat dan it opperbefel?’. Dat is in goeie fraach. As kening Redbad der net is, wat hat dan it opperbefel? ‘De legeroanfierder’, seit ien fan ‘e soldaten. ‘Presys. En dat bin ik’, seit Ado, ‘Ik bin legeroanfierder, dus ik mei it sizze.’ ‘Nee, nee, do meist dysels graach sa neame’, seit Kwasir, ‘mar kening Redbad is ús legeroanfierder. Do stietst ûnder him.’ ‘Krekt as do, lillike dwerch’, grommelet Ado. ‘Ik bin pleatsferfangend legeroanfierder.’ ‘En ik bin syn adviseur’, seit Kwasir. ‘Mar net syn pleatsferfanger!’, seit Ado. ‘Dit is gjin beslút foar in dwerch...’ Hy wachtet op in réaksje, mar krijt net dêr’t er op hopet. ‘Kwasir is net samar in dwerch’, ropt Balder. ‘...Hoe wiis dy dan ek wêze meie’, ferfolget hear Ado. ‘Dit is in beslút foar in Fryske hear, dy’t de gebrûken(?) fan ús folk ken. Of net?’, ropt er. It folk sjocht foarsichtich nei de donkere dwerch, dy’t sa ’n macht (ynfloed) hat oan it hôf. De measten binne wat benaud foar him. Hy hat magyske krachten (krêften) en kommunisearet mei de goaden en de deaden. En op lilke foarâlden sit gjinien te wachtsjen. Kwasir docht de earmen oer elkoar en sjoch stûf (?) foar him út. It folk wifelet. ‘Mar as sy beide gjin rjocht fan praten ha, wa hat it dan foar ’t sizzen?’, freget ien. ‘It ting’, seit de âlde Gryt , ‘de mienskipsgearkomste.’ Op har stok komt se oanskoffele, lyts mar krigel. Hurdhandich triuwt se de minsken oan ‘e kant en giet foar Ado en Kwasir stean. ‘As de kening der net is, beslút it ting, dat hat altyd al sa west’. ‘Dêr seist wat’, antwurdet Ado. ‘En wat de mienskip witte wol’, ferfolget se, ‘binne der bewizen dat de gasten gefaarlik binne?’ Alde Gryt sjocht Kwasir oan. Dy sjocht werom, mar seit niks. Op wat oars as syn foargefoel kin er him net beroppe. It docht him sear dat krekt de âlde Gryt de earnst fan ‘e sitewaasje net oanfielt. Of der net yn leaut. ‘Binne der bewizen?’, freget se noch ‘es. Kwasir kin net oars as mei de holle skodzje. ‘Goed’, nimt hear Ado oer, ‘Bêste minsken, lústerje: ‘Ik sis it hillige gastrjocht giet boven (boppe) alles, se meie deryn! Wa is tsjin?’. ‘Gjinien’, ropt Balder(?) Elkenien sjocht omheech. Grif nimme se it oer: ‘Gjinien, gjinien’, roppe se. ‘Dit is it (de) ting net’, besiket (prebearret) Kwasir noch. ‘We hoege net nei dy te lústerjen’, seit Ado. ‘de mienskip hat sprutsen’. Under lûd gejuich (jûchheigerop) giet de poart iepen. De jonge fluitet in fleurich (blier) deuntsje (in oerwinningsferske) as hy, de skald en it âlde wyfke de poart trochkomme. De minsken klappe. (spilet Loki trouwes ek noch in rol yn it konflikt hjirboppe?). Kwasir sjocht it ‘lijdzaam’ (duldzum, ferduldich) oan. Hy lit syn blik oer it juichende folk gean, oant er by Balder komt. Hy sjocht him rjocht yn ‘e eagen. Balder skrikt fan ‘e donkere blik deryn. Dan heart er de stim (stem) fan Kwasir sizzen: ‘Lústerje en hearre binne net deselfde dingen’. Balder skrikt, it is krekt oft stiet de dwerch flak neist him. ‘Lústerje en hearre, dat is in grut ferskil’, herhellet (werhellet) de dwerch. ‘Ik ferwachtsje dy fuortendaliks thús’. Dan draait er him om en baant (wrot?) him in paad nei syn hut. Balder sjocht him nei, syn gefoel seit him dat er in fout (flater) makke hat, al wit er net krekt welke (watfoar, hokker).

‘Wolkom’, seit Ado Wurssing, ‘Wês wolkom op kasteel Wiltenburch.’ Hy stekt syn hân út. De lange man nimt de útstutsen hân oan. ‘Dankewol’, seit er, en nimt syn hoed ôf. Dêrûnder sit lang griis hier, dat tegearre bûn is yn in flecht. De man bûcht. ‘Mei ik jo foarstelle, myn reisselskip: Dizze jongeman is Mats, muzikant en akrobaat. De jonge fluitet in rideltsje, springt op, klapt syn fuotten tsjin elkoar foar er wer op ‘e grûn komt en bûcht. De minsken klappe. ‘En dit is Louwrina (?), sjenneres. It âld wyfke bûcht djip.‘Se foarspelt de takomst oan elk dy’t it oandoart dy te kennen’. As se oereinkomt boare twa nachtswarte eagen har yn dy fan Balder. Hy huveret. In kâlde gloed lûkt fan syn fuotten ôf omheech. It gefoel ferdwynt as se har omdraait nei it folk dat har fol ferwachting oansjocht. Se goait in hânfol ‘...’ omheech. It knetteret (in effekt betinke dat se yn dy tiid meitsje koene). De minsken stowe útien. ‘Tink goed nei oer ofst dyn lot witte wolst’, seit se, ‘tink goed nei!’. It folk gnysket senuwachtich. Hear Ado gebeart(?) de gasten mei te kommen. ‘It soe my deugd dwaan, as jo by my ferbliuwe wolle soene. Ik ha in grutte stâl, mei farsk hea, dat jo inkeld hoege te dielen mei wat kei en in skiep. It grutste part fan myn feestapel is op myn hearepleats yn Westergea (en/of by Utrecht). Kening Redbad hat my frege om it Fryske leger oan te fieren tsjin ‘e Franken, mochten dy it yn ‘e harses krije om ús oan te fallen. Mar ha gjin noed (wês net bang), sa dom sille se net wêze!’ It groepke lit him meitrune en ferdwynt troch de twadde poarte yn ‘e binnenhôf. ‘Ik bin benijd wat kening Redbad hjir fan seit’, seit Friso. ‘Oars ik wol’, antwurdet Balder. ‘Kom, we gean nei ús hús’, seit Friso. ‘Ik wol dy lju wol ‘es fan tichtby sjen!’ Balder mimeret even: ‘Soe dy frou werklik de takomst foarspelle? Soe se miskien ek yn it ferline sjen kinne? Miskien wit se wat fan syn heit en mem...’ Mar dan sjocht er wer de blik fan Kwasir foar him. ‘Ik kin net’, seit er, ‘ik wol net wer (...) (eardere earnstige straf betinke, wat mei learen ofsa , runelisten meitsje?). Friso leit in hân op de skouder fan Balder. ‘Ik fertel it dy aanst wol’. Balder glimket. Tegearre rinne se de muorre bydel nei de trep by de wapenopslach. Ien kear ûnder gean se elk har eigen wei.

*

(...)

> konfrontaasje Balder en Kwasir oer it plan te fertrekken (wachtsje op kening Redbad?)
> Balder moat tasizze (belove) dat er net yn ‘e buert fan ‘e artysten komt. (mar dat gebeurt fanself toch: noch útwurkje yn folgjende fragmint)

*

it optreden



As it tsjuster (oerdei?) wurdt, giet elkenien nei de foarhôf. De artysten ha in soarte fan tinte (tent) opsetten by de hillige beam. It is eins mear in soarte fan tintdak op peallen. Mei in houten podium deryn. ‘Hoe komme se oan dat hout?’, heart Balder ien achter him flústerjen. ‘Fan Ado krigen’, flústert de buorfrou werom. ‘Lit Redbad it net hearre.’ Hout mei net foar idele doelen brûkt wurde, wit Balder. De Romeinen ha lang lyn de measte bosk kapt. Nei de grutte oerstreamingen dy’t dêrnei folgen, wiene der net in soad grutte beammen mear oer. En dy binne brûkt foar de barten yn ‘e haven, dêr’t de skippen oanlizze. No is der allinne moerasbos oer; lege beammen en struken dy’t mei har woartels djip yn ‘e sompe stean. Allinne op de heuvels eastlik fan Wiltenburch is noch grut bosk. Mar dat is in deireis hinne, en minstens twa dagen werom mei in fracht beamstammen. Kening Redbad hat dêrom it brûken fan hout oan bannen lein. It mei allinne foar needsaaklike saken brûkt wurde. En dêr heart in poadium net by. It foarhôf begjint langsem fol te rinnen. De minsken rûzemûzje (rûzemuosje?), der hinget in oangename spanning yn ‘e loft. Se flústerje, laitsje. Dan stompt Friso Balder oan. ‘Sjoch!’, seit er en wiist. Balder sjocht de edele hearen oankommen en plak nimmen op de stuollen foaroan by it poadium. Ado Wurssing falt fuort yn it each, hy hat in read borduerd kleed oan. Twa jonge fammen flústerje. Ado heart it en laket nei har (se ta). Se gibelje (gichelje). ‘Jim heit hat syn bêste pak oandien!’, fIústert Balder tsjin Friso, mar dy leit de finger op ‘e lippen. ‘Stil, it begjint!’. De fakkels waaie út. En dan, it gelûd (lûd) fan fluit, heech en triljend. Elkenien hâldt de siken (adem) yn. Der wurdt ien sichtber (De skald wurdt sichtber). It is de lange man (namme?). Hy hat in lange jas oan, fol mei frutsels en franje, fan alle kleuren dy’t je mar betinke kinne (fan ‘e reinbôge). Hy beweecht syn earmen, stadich as oft er betsjoene is. Ut syn mûle komme frjemde klanken, hy bromt en stint. Draait yn it rûn. De jas skitteret by it ljocht fan ‘e fakkels. It is mûsstil. Dan ynienen in lûde dreun (slach). Dan begjint er syn ferhaal: ‘Sa dûnsen en songen de ... (mythologysk ferhaal opsykje dat ferbân hâldt mei tematyk/Balder).

(...)

Noch op deselfde jûn?
De skald ropt syn meireizgers nei foaren: de sjenneres en de muzikant/akrobaat. Noch yn elkoar ferweve. Takomstfoarspellingen, de oare deis?

> Wannear komt kening Redbad werom? Tidens it optreden?

(...)

de foarspelling



(...)

Noch útwurkje: hoe ’t elkenien syn foarspelling te hearren krijt. Neidat se alle ynwenners fan Wiltenburch hân hat, wiist ien Louwrina der op dat se op bêd kin (ofsa)

‘Nee’, seit de frou en se sjocht priemkjend (?) om har hinne. ‘Ik ha noch net elkenien hân’. De minsken sjogge elkoar oan, wa hat der noch net by de de sjenneres west? ‘Kwasir’, betinkt in soldaat. De frou gniist. ‘Dy âlde dwerch hat niks oan myn foarspellingen, dy is noch mar ien stap fan syn lot.’ De soldaten laitsje. ‘Lit it him net hearre!’, seit ien, ‘Aanst nimt er jo mei!’ Louwrina laket: ‘Ik ha oeral west, en alles sjoen, ik bin nerges bang foar!’ ‘Helje dy wytblonde jonge, dy mei dy bleke hûd en blauwe eagen. Ik ha nijs foar him’. De soldaten sjogge elkoar oan. ‘Bedoele jo Balder?’, freget Hero. ‘Balder? Balder? Hyt dy jonge Balder?’, se laket har slop. ‘Wat in domme namme.’ De soldaten begripe der hielendal niks mear fan. ‘Fuort, fuort’, seit se, ‘helje him op!’. Hero rint gau nei de hut fan Kwasir... (Betinke wêr’t Balder is op dat momint).

(... de foarspelling foar Balder...)

(Moat er it feit dat er held wurde wol geheim hâlde? Of jout se oan dat allinne oaren bepale kinne ofst in held bist of net, mar moatst wol heldedieden dwaan.)

‘Mar’, seit se, ‘held wêze, kostet wat!’ ‘Wat dan?, freget Balder. De frou gnysket, sjocht him even oan, stiet dan op en rint nei de iepening fan ‘e tinte. Se hâldt it doek omheech. Balder begrypt dat it gesprek (petear) ôfrûn is. Hy stiet op, rint nei de iepening (doar). Hy wifelet (aarzelt), mar de donkere eagen fan ‘e frou twinge (dwinge) him nei bûten. It duorret even foar’t er by syn positiven komt. ‘Nuver (raar)’, tinkt er, ‘ik ha noch noait ien mei swarte eagen sjoen.’ (Letter: fersûpe yn dy eagen.) Mar lang stiet er dêr net by stil, want Friso komt deroan. ‘Wat sei se?’, freget er, wylst er Balder oan ‘e earm lûkt. ‘Kom, Thia en ik kinne net wachtsje om dy fertellen wat se tsjin ús sei. Kom, gau’. Se rinne nei it kasteel, de grutte hal yn. Thia wipt hin en wer op har kruk. Har eagen geane iepen as se de jonges kommen sjocht. ‘Ik gean trouwen!’, ropt se tsjin Balder. ‘Mei ien fan hege komôf!’ Balder moat laitsje, hy kin er niks oan dwaan. ‘Wêrom lakest?’, freget se. ‘Fanself trousto mei ien fan hege komôf, dêr hoege je gjin wiersizzer foar te wêzen om dat te witten’. ‘O’, reagearret Thia teloarsteld. Mar dan feart se wer op. ‘Mar dan wurdt ik yn alle gefallen net ûntfierd en slaaf makke troch dy rottige Franken.’ Balder wit dat trouwen dêrfoar gjin garânsje wêze sil, mar hy wol har net wer teloarstelle. ‘Hast gelyk’, seit er. ‘Gelokkich’, seit se en giet wer sitten. ‘Wat sei se tsjin dy?’, freget Friso. Balder tinkt nei. ‘Wat moat er hjir op sizze?’ ‘Friso giet op reis, hiel fier fuort.’ ‘Echt wier?’, freget Balder. Friso knikt. ‘Mar do hâldst hielendal (helendal) net fan reizgjen. Friso hellet de skouders op. ‘It is mar in gewoane frou dy’t dat seit.’ Thia springt op. ‘Net wier, it is in echte sjenneres. Sa ’n sjenneres ha ‘k noch noait sjoen. Se sjocht sa troch dy hinne.’ Se huveret. ‘Dizze is echt’. ‘Neffens (?) my is se net better as Ant’, dy kin oan (betinke). En dy sjocht soms ek troch dy hinne’, antwurdet Friso. ‘Dat komt omdatsto net liege kinst’, jout Thia him fan replyk.’ Se binne even stil. (Dan swije se) Oant Thia har betinkt dat se noch hieltyd net wit watfoar foarspelling Balder krigen hat. ‘Balder?’, begjint se. Balder is yn gedachten. Hy tinkt oan ‘e riedselachtige wurden fan ‘e sjenneres. ‘Balder!’, seit se wat lûder en jout him in skop tsjin ‘e skinen (?). ‘Au’, ropt Balder, ‘wêr ha ‘k dat no wer oan fertsjinne?’ ‘Fertel no wat de sjenneres tsjin dy sei?’ Balder tinkt nei. ‘Dat is toch gjin muoilike fraach?’, seit Thia. Balder skoddet de holle. ‘Ik wit net goed wat se foarspelde. It wie in soarte fan riedsel’. ‘O leuk, in riedsel, seit Thia. ‘Lit hearre’. Balder giet stean en docht nei: (riedsel mei gebaren betinke).
(Thia skrikt. ‘O nee.’ ‘wat is der, freget Balder. Dat sis ik net, dat kin ik net sizze en se draaft de trep op nei boven (boppe) nei har keamer. Wat hat dy no?, freget Balder. Friso hellet de skouders op. ‘Famkes’, seit er. ‘Sille wy in potsje damme? (triktrak ofsa, eventueel dobbelje))

*

Thia is bûten adem (himet?) as se by har sliepkeamer is. Se docht gau de doar achter har ticht en giet op har bêd sitten. It hert bonkt har yn ‘e kiel. Mar dat is net allinne fan it hurde rinnen. Se is skrokken fan de wurden fan Balder: ..’. Se sjocht de swarte eagen wer foar har. Se dûnsje, foar ’t se opnaam wurdt yn draaikolken. Se heart de stem (stim) sizzen ‘...’. Se hapt nei adem (asem?). Bestjut dat dat Balder gefaar rint? ‘It is net wier’, flústert se. ‘It kin net wier wêze. Is it Balder, dy’t deagiet? Se kin it net leauwe. ‘It is gewoan in stom âld wiif’, seit se lûdop. Mar se kin it gefoel fan twifel net fuortdrukke (-poetse).
‘En ik wol sa graach mei in keningssoan trouwe.’ Se tinkt oan har neef, in prins, dy’t yn East-Fryslân wennet. Blauwe eagen, hat dy, mei in fleuchje grien.’ Se suchtet en giet op har bêd lizzen. Wat soe se self graach yn ‘e takomst sjen kinne wolle...

*

Loki



Kwasir rommelet yn pannen en potten achteryn syn hut. Hy mompelet, flarden mâle wurden rûgelje de romte yn . Ant wachtet geduldich. Se hat begrutsjen mei de dwerch dy’t dúdlik fan slach is. ‘Wêr is dat ... no’. ‘Hugin, rotfûgel, wêr bist?’ Ant kucht. Kwasir sjocht fuortendaliks op. Syn eagen draaie alle hoeken en gatten bydel, foar ’t se stilstean by Ant. Ant glimket: ‘Kin ik helpe?’ Kwasir skoddet de holle en siket fierder. Ant kucht noch ‘es. De wenkbrauwen fan Kwasir sjitte omheech, de eagen prymje har yn dy fan Ant. ‘Sikest dit miskien?’ Ant hâldt in tûkje (twijg) (in brief, in boek, in krûd) foar har út. Kwasir pakt it fuortendaliks fan har oan en rint dermei nei de pot op it fjoer yn it midden fan ‘e hut. Hy goait it yn it siedende wetter. It begjint ynienen nei .... te rûken. ‘Dankewol’, seit Ant. Kwasir reagearret net. Hy giet hielendal op yn in stream fan wurden dy’t er sachtjes sjongt. It klinkt (heart) as bijegûnzjen. Ant wit dat se fuortgean moatte soe, mar se kin har op de ien of oare manier net bewege. It gûnzjen wurdt lûder. En dan is er reek. Of mist. In grutte swarte fûgel wjukwapperet har flak oer de holle. Hy giet sitten op ‘e râne fan ‘e tafel (stoel, pot, stien). ‘It is Hugin’, tinkt se, mar se kin it net rjocht (goed) sjen. Kwasir aait de raaf: ‘Gelokkich, dêr bist wer. Hast nijs?’. De raaf begjint te praten. Ant wit net wat se heart. ‘Be-rrjocht fan Wo...’. ‘Sssh’, seit Kwasir, ‘Gjin nammen!’ De raaf raspt: ‘Be-rrjocht. Lo...’ Hy stoppet, hâldt de kop skeef en begjint dat op nij: ‘... is fuort. Kin oeral wêze. Gjin spoar.’ Kwasir sjocht de raaf oan: ‘Wa is fuort?’ ‘Gjin nammen’, antwurdet de raaf. Kwasir suchtet. (kryptyske omskriuwing, in riedsel... Wat mei ‘kwelgeast, dy’t him ferstoppe hat?) Kwasir sakket troch de fuotten (skonken). ‘Ik wit wêr’t er is. It kwea is al dien’. ‘De sjenneres’, heart Ant harself sizzen. Kwasir sjocht op. ‘Ant?’ Ant wol wat sizze, mar se kin net bewege. Kwasir rint nei har ta, leit syn hân op har holle. Se fielt de waarmte troch har lûken. ‘Wat hast heard?’, freget de dwerch. Ant sjocht nei de grûn. ‘Alles?’ Se knikt. Kwasir suchtet. Hy hellet berêstend de skouders op,: ‘Miskien is it goed dat mear minsken hjir fan ôf witte.’ ‘Is it echt Loki, de kwelgeast dy’t hjir is?’, freget Ant. Se lûkt de omslachdoek wat fêster om har hinne. ‘Hoechst net bang te wêzen’, seit Kwasir, ‘hy is hjir net foar dy.’ Ant sjocht Kwasir freegjend oan. ‘Loki komt foar Balder. Hy siket ús al jierren. It sjocht der nei út dat er ús fûn hat’. ‘Mar wêrom?’, freget Ant. Kwasir glimket: ‘Der binne saken (dingen) dy’st better net witte kinst. Mar leau my, it is fan grut belang dat Balder yn feilichheid brocht wurd.’ Kwasir rint nei de pakte rêchsekken. ‘Soesto Balder sykje wolle?’

‘Dat hoecht net’, klinkt der by de doar. ‘Wa is dêr?’, krast de raaf. ‘Wa komt It âld wyfke dat deryn komt laket. It is Louwrina. Se sjocht nei de raaf. ‘Dach Hugin’, seit se, ‘hasto dy ûnstjerlikheid opjûn?’ Kwasir wiuwt Ant fuort. Gau ferdwynt se troch de doar. Kwasir fout de earmen oer elkoar en sjocht it wyfke oan. ‘Kwasir, nim ik oan?’, se gnysket. ‘Ik ha dy mist by myn wiersizzen, dat ik tocht, as de dwerch net nei my komt, moat ik mar nei de dwerch’. Kwasir reagearret net. ‘Elkenien wol toch de takomst kenne? Of hat Hugin dy al ferteld wat der te gebeuren stiet.’ Se stekt har hân út om de raaf te aaien, mar dy pikt har mei syn skerpe snavel yn ‘e finger. ‘Au, rotbist!’, seit Louwrina. ‘Docht is sear?’, freget Kwasir. ‘Ynteressant’, seit se, wylst se nei it bloed sjocht dat út har finger komt. ‘Hâldt it fanself wer op?’ Kwasir sjocht har oan. ‘Dat wit ik net’, seit er. ‘Miskien rinst wol leech’. ‘Leechrinne?’, fernuvere sjocht Louwrina nei de dwerch. ‘Kinne minsken leechrinne?’. ‘Nee’, ferdúdlikt Kwasir, ‘mar do bist gjin minsk’. Louwrina sjocht him oan, de holle skeef. Se stekt har finger yn ‘e mûle en slikket it bloed derôf. ‘Gatferdamme, wat is dat?’ Kwasir glimket: ‘Dat is de smaak fan bloed.’ Louwrina besjocht har finger noch ‘es goed. ‘Mmm, bliid dat wy dat net hawwe. Soest my net ‘es in stoel oanbiede en wat te drinken? It gastrjocht is hjir hillich!’ Se ploft mei har dikke kont op in krukje. It krimmenearet lûd. Se jout it in klopke. ‘Hâldst it bêst’, seit se, ‘bist ommers fan ‘e linichste beammefamylje dy’t der is.’ Dan sjocht se Kwasir oan. De dwerch stiet noch altyd op itselde plak. Se sjogge elkoar oan. Louwrina draait de eagen omheech en trommelet mei de fingers fan har iene hân op de oare. ‘It gastrjocht ferplichtet ek om dy foar te stellen as de persoan dy ‘st bist, seit Kwasir. Louwrina gnysket kâld: ‘Ik doch my noait oars foar as ik bin’. ‘Genôch, âlde heks’, ropt Kwasir. ‘Moat ik Hugin freegje om syn master op te heljen, sadat er mei dy ôfweve kin?’ Louwrina skrikt. ‘Lit dan no dyn wiere gedaante sjen!’ Louwrina begjint te draaien. Kwasir sjocht it holleskodzjend oan. ‘Tinksto echt dat ik net wit wa ‘sto bist Loki?’ Louwrina sit ynienen stokstiif stil en rjochtop. Allinne har eagen fleane hin en wer yn har gesicht. Dan in lûde knal, folge troch in wyntwirre (tornado, draaikolk). Hugin springt krassend tsjin ‘e spilen fan syn koai fan skrik. In momint (sucht) letter stiet in graatmeagere jongeman foar har yn in pears fluwielen pak mei baret. Alinne de swarte eagen binne deselde as dy fan Louwrina. Hy krijt de mûtse fan syn holle en bûcht djip. (... moat noch fierder útwurkje)

> Loki sil net oan Balder ferklappe wa ’t der feitlik is: it lot moat syn berin ha (hy moat hiel hurd laitsje)

*