wurkplan



oer it boek


Titel: Balder en de slach om Utrecht
Omfang: 250 siden
Sjenre: Jeugdroman foar 10 oant 14 jier

koarte synopsis


Kening Redbad stiet foar in dilemma. De Frankyske kening Pepijn nimt krekt foar it Joelfeest (midwinterfeest) it wichtige hannelsknooppunt Dorestêd yn. De Friezen meie fanwege har leauwen net fjochtsje mei dit feest dat oan de goadinne Freya wijd is. Pepijn biedt in ferbûn oan mei twa betingsten: syn soan prins Grimoald trout mei prinses Thiadsvind (Thia), de dochter fan Redbad. Én de mûnts Willibrord mei it kristlike leauwen ferkundigje yn Fryslân. It ting (de mienskipsgearkomste) beslút dochs om te fjochtsjen, mar - as earbetoan oan Freya - sûnder metaal. Foar’t de striid begjinne kin, lit Freya it Fryske leger ferdwine yn ‘e mist. It Frankyske leger wint. Prinses Thia wurdt meinaam troch de Franken om te trouwen.

Balder, de styfsoan fan kening Redbad, wol prinses Thia frij krije en beslút op syk te gean nei Freya. Hy moat û.o. by wite en swarte elven, de draak yn ‘e wrâldsee en oare goaden del foar’t er Freya fynt. Guon mannen yn it Fryske leger blike dochs metaal by har te hawwen yn ‘e foarm fan in krús. Se ha har bekeare litten. Balder ferneatiget de krusen yn it hytste fjoer. Net yn dat fan Wodan, mar yn dat fan de dwergen. De mist ferdwynt. Kening Redbad en it Fryske leger komme werom nei Utrecht.

Kening Redbad betinkt in list. Hy docht krekt oft er Thia trouwe litte wol mei Grimoald. En hysels sil him bekeare litte. By de plechtichheid freget er oft er yn ‘e himel syn foarâlden werom sjen sil. Willibrord antwurdet negatyf. Redbad sjocht ôf fan de bekearing. Hy lûkt syn swurd, ropt it deadeleger fan Wodan op en ferdriuwt it Frankyske leger út it Fryske ryk.

literêre yntinsje


It ferhaal moat spannend en lêsber wurde. Om yn ien sike wei út te lêzen. It taalgebrûk sil dêrom direkt, ritmysk en modern wêze.
It boek bestiet út trije parten. It earste part spilet him ôf yn it Fryske keninkryk fan Kening Redbad
(680 nei Kristus). It twadde part spilet him ôf yn it goaderyk fan de Germaanske goaden. Yn it tredde en lêste part krijt it ferhaal syn beslach yn it Fryske keninkryk.
Yn de epilooch wurdt koart it ferdwinen fan it Fryske ryk beneamd. De prolooch bestiet út in foarsizzend liet fan de skald.
It ferhaal wurdt ferteld út it perspektyf fan Balder wei, sadat de lêzers har mei him identifisearje kinne.
It ferhaal is in mjuks fan skiednis en fiksje. It is basearre op:
- histoaryske boarnen (oer de Fryske skiednis en argeology fan ‘e iere midsieuwen)
- op mytologyske boarnen (oer de Germaanske mytology en kultuer)
- op literêre en oare boarnen (byg. de Edda, In de ban van de ring en Eric the Viking fan Monty Python).

It boek wol sawol in spannend aventoer biede as nijsgjirrigens oproppe nei de Aldfryske skiednis.
Der sil in ferklearjende wurdelist en in kaart taheakke wurde.

begelieding


It skriuwen fan ‘Balder en de slach om Utrecht’ wurdt begelaat troch Babs Gezelle Meerburg. Se hat Frysk en Dútsk studearre en is promovearre op it wurk fan Wadman en Riemersma. Se wurket op it stuit as koördinator oan de learareopliedingen Frysk oan de NHL en hat in protte ûnderfining mei skriuwersbegelieding (foar de AFUK-jongereinboeken fan bern fan 8-12 jier, as redakteur, as resinsint en as dosint).

Begelieder en skriuwer komme ien kear yn ‘e twa moanne byelkoar om de nije teksten te besprekken. De begelieding beslacht oardel jier en sil him benammen rjochtsje op opbou, komposysje en it taskriuwen op jonge lêzers.

planning


It boek sil novimber 2007 útkomme by ien fan ‘e útjouwers dy’t meidogge oan it projekt Fryske Modernen: Friese Pers, Afûk/Utjouwerij Fryslân, de Koperative Utjowerij


nije planning (desimber 2005)


moanne, part, deadline, oerlis


Desimber 2005/jannewaris 2006, personaazjes/lokaasjes klear, 26 jannewaris, 2 febrewaris
Febrewaris, earste oansetten haadstikken earste part, 23 febrewaris, 2 maart
Ein maart, earste part (rûchwei) klear, 30 maart (23 maart), 6 april (30 maart)
Ein maart (begjin april), begjin swangerskipsferlof (25 maart)
Maaie; wurdt maart yfm swangerskip, fuortgongsferslach Fonds voor de Letteren, 23 maart
Maaie, juny, july, swangerskipsferlof (útrekkene datum 250406)

Augustus, útwurkje earste part, begjinne twadde part
Septimber, earste oansetten twadde part, 28 septimber, 3 oktober
Oktober/novimber/desimber, twadde part (rûchwei) klear, 31 oktober, 9 novimber, en:
28 novimber, 7 desimber, en: 28 desimber, 4 jannewaris

Jannewaris 2007, earste oansetten tredde part, 1 febrewaris, 8 febrewaris
Febrewaris/maart, tredde part (rûchwei) klear, 1 maart, 8 maart
April/maaie, útwurkje rûge ferzje, lêzing troch Babs, 29 maart, 26 april en: 5 april, 3 maaie
Juny, earste ferzje klear foar lêzing troch tredden, 28 juny
July (simmerfakânsje), lêzing troch tredden, 26 july, 17 augustus* (nei simmerfakânsje)

Augustus/septimber, herskriuwe, 27 septimber, 4 oktober
Oktober, twadde lêzing troch Babs en tredden, 4 oktober, 25 oktober*
Novimber, lêste korreksjes, 29 novimber, 6 desimber
Desimber 2007, tekst klear, 27 desimber

* yn oerlis