útgongspunten



Under dizze kop steane alle formele útgonsgpunten foar it boek:

sjenre
tema
taal
oanpaste wurdelist
omfang (te skriuwen)

In mûsklik op it wurd, bringt dy fuortendaliks wêr'st wêze wolst...


sjenre



Untwikkelingsroman, it mei ek wol wat fan in thriller of in detective hawwe (deduksje).


tema



Identiteit: Wêr ûntlienst dyn eigenwearde oan? Dyn persoanlike identiteit of dyn sosjale identiteit?
Mienskipssin: In mienskip giet earder tenûnder troch aksjes en feroaringen fan binnenút as fan bûtenút.
Yn dit gefal: wat as de mienskiplike noarmen en wearden net mear folslein ûnderskreaun wurde? As de histoaryske kontinuïteit oantaaste wurdt?
Wêrom kin in Fries gjin kristen wêze? (Moat er leauwe yn Germaanske goaden?)
Wêrom kin in Fries gjin persoanlike ambysje ha? (Moat er in 'boer/reizger/hanneler' (en yntermediêr) wêze?)
Wêrom kin in Fries gjin ...

Under identiteit (eigenheid) wurdt wol ferstien: ienheid fan wêzen, folkommen oerienstimming, persoansgelykheid.
Der wurdt ûnderskied makke tusken:
persoanlike identiteit = alle uterlike en inerlike kenmerken fan in persoan of organisaasje.
genetise identiteit = dna, fundamentele fragen oer ûntstien fan libben, sakrale identiteit (ûnstjerlikens sykje).
sosjale identiteit = ferwiist nei de groep(en), dêrta wy ússels rekkenje, mei it emosjonele belang en de wearde dy 't wy oan dy groep keppelje. Hoe mear wy ús identifisearje mei in groep, hoe mear dy groep ynternalisearre wurdt in ús selsbyld en hoe fager it ûnderskied tusken groep en yndividu wurdt. Foarbyld: fuotbal!)
(online-identiteit = definearing fan sosale identiteit yn online-mienskippen: fergelyk goadewrâld? Fierder utwurkje!).
kulturele identiteit: in 'ferbylde mienskip', it resultaat fan in taskriuwingsproses, ûntstien op basis fan sels definearre mienskiplike noarmen en wearden en op grûn fan in mienskiplik ferline (historysk kontinuïteitsbesef).
nasjonale identiteit = útdrukking fan nasjonale gearhing, ferwiist nei kulturele ferskillen yn ynternasjonale relaasjes en multikulturele mienskippen, dêr 't rekken mei holden wurde moat.
pan-europese identiteit = persoanlike identifikaasje mei Europa en Europa as gehiel.

Wikipedia



Frij nei oanlieding fan Ido Abram:
Der binne fiif erfaringsgebieten dy 't ferantwurdlik binne foar de Fryske identiteit:
1 - de Fryske religy, kultuer (taal) en tradysje
2 - de ferhâlding ta de oare Germaanske stammen en oare freonlike stammen (hannelskontakten)
3 - de ferhâlding ta de Franken en oare fijannelike stammen
4 - de persoanlike libbensskiednis
5 - de deistige kultuer en omjouwing (natuer)

Noat yn Identiteit en locatie in de hedendaagse literatuur




taal



Utgongspunt foar Balder is dat der tagonklik Frysk brûkt wurdt. Dat betsjut dat ik taal brûke wol dy 't foar de doelgroep - bern fan 10 - 14 jier - net frjemd of âldfrinzich oerkomt. Dêrom folgje ik net altyd it wurdboek. Hjirûnder folget in oanpaste satvering en wurdelist.

útgongspunten foar stavering (Zijlstra-stavering ;) )


Letters dy’t net (mear) útsprutsen wurde skriuw ik net. Utsûndering: stomme klinkers.
Bygelyks:
Sels: self
Nederlânsk, Ingels, Frysk: Nederlâns, Ingels, Fries?

wurden


Ik besykje sa min mooglik wurden te brûken dy’t de jongeren fan tsjintwurdich net mear brûke.
Ik nim ‘hollanismen’ op, as dy algemien brûkt wurde. (Hôllanske wurden dy’t ferfryske binne.) Byg. lústerje.

fraach (dilemma)


Moat it goed Frysk bliuwe?


oanpaste wurdelist



Utgongspunt foar Balder is dat der tagonklik Frysk brûkt wurdt. Dat betsjut dat ik taal brûke wol dy 't foar de doelgroep - bern fan 10 - 14 jier - net frjemd of âldfrinzich oerkomt. Dêrom folgje ik net altyd it wurdboek. Hjirûnder folget in oanpaste wurdelist.
As earste wurdt it wurd neamd sa as dat neffens it wurdboek heart. Nei de dûbele punt folget myn skriuwwize foar Balder. Dus:
Wurd neffens wurdboek: wurdkar foar Balder

tiidwurden


sille, gean: neffens regel: gean en bliuwe allinne yn kombinaasje mei sitte, lizze, stean (lichemshâldingen). Oars mei 'te' dertusken.
harkje, hearre: lústerje, hearre

y


sy, wy: yn ‘e measte gefallen se, we, útsein wannear’st wy of sy seist.
bygelyks: begelyks?

-e


poarte: poart?
mûtse: mûts?

bywurden, eigenskipswurden ensa


boppe: boven?
dochs: toch
ris: ‘es
tank: dank

haadwurden


foarsizzing: foarspelling
jûchheiroppe: juiche?
krêften: krachten


omfang



Skatte omfang per part: rûchwei 70 boeksiden = 35 A4’s. Dat betsjut gemiddeld 5 A4's per haadstik.
It totaal wurdt dan: 3 kear 70 = 210 boeksiden. Te skriuwen ha 'k dan omendeby 100 A4's.

te skriuwen


Per wurkdei skriuw ik 1/2 siden, dat binne der 5 yn in wike. It tal siden is dan klear oer 20 wiken.
Rekkenje foar ûndersyk, planning en tinkwurk fan haadstikken ensa 4 wiken. De rûge ferzje is dan oer 24 wiken klear: sis mar oer in heal jier.
Foar it útwurkjen en herskriuwen stiet dan ek in heal jier; dat is 2 moanne per part.