haadstik 1.5


it Frankyske hôf


ferzje 24 jannewaris 2007


rûge earste ferzje


Balder wurdt it Frankyske hôf útskopt


(Hôf)Maarskalk Pepijn en Willibrord sjogge elkoar oan en barste yn laitsjen út. Balder begrypt der niks fan. Hat er wat ferkeard dien? Willibrord besiket wat te sizzen, mar hy komt net fierder as in proestend (ge)lûd. Pepijn sjocht it en slacht himsels op ‘e knibbels fan wille. Balder wurdt krigel. ‘Ik begryp net wat der te laitsjen falt’, seit er. De maarskalk wiist nei Balder, sjocht nei Wilibrord en proest it op ‘e nij út. Balder fielt dat er ferstivet, lilkens boarrelet yn him op en foar’t er wit wat er docht , krijt er syn mes (? Miskien better wat dat er oppakke kin: in stien in wynkanne?) út syn lears en goait dat rjochting beide manlju. Hy sjocht as yn slow-motion(?) hoe ’t it mes rjochting Pepijn giet en sjocht hoe ’t dy syn hânnen foar him út stekt as wol er it mes tsjinhâlde. Om ‘e nocht. It mes boarret him yn ‘e palm fan syn hân. Willibrord reagearret fuortendaliks, goait him tusken Balder en Pepijn en triuwt Balder hurdhannich fuort. Balder strûkelet en falt achteroer. Mar ynstee fan ‘e kâlde flier fielt er hannen yn syn nekke. It binne de wachters dy’t krekt noch by de yngong fan ‘e hal stiene. Se goaie him wer foaroer op ‘e grûn en draaie syn earmen op ‘e rêch. Willibrord ropt ferwoeste (woest): hat gjinien dy jonge fûllearre? De wachters sjogge elkoar oan. Se fûnen Balder te jong om gefaarlik te wêzen. Boppedat wie er in bekende (kunde) fan Willibrord. Mar dat doare se net te sizzen. ‘Ik kin allinne mysels fertrouwe’, seit Willibrord lilk en draait him om nei Pepijn dy ’t syn iene skansearre (skeind) hân foarsichtich fêsthâld mei de oare of wie ’t in lyts fûgeltsje dat út it nêst fallen is. ‘Help’, seit er sacht (rotwurd: súntsjes, alhielendal sunich, of sêft) en sakket ûnderút. ‘Hy falt flau, help him’, seit Willibrord. Mar de wachters hâlde Balder beet (fêst) en sjogge mei grutte eagen hoe ’t har hear langsum ûnderút glidet. Syn holle stuiterrt trije kear: op ‘e râne fan ‘e stoel, it poadium (bettere namme) en de stiennen flier.
Willibrord flokt binnenmûls. ‘Byn dy jonge fêst, help jim hear, gau.’ De donkere(?) krijt in stik tou fan syn side en bynt de hannen fan Balder fêst, wylst de oare op him sit. Balder krijt amper lucht, mar it duorret net lang foar ’t se har oprjochtsje (stean gean). ‘Lizzen bliuwe’, sist de lytse foar ’t er nei de maarskalk rint. De oare laket falsk syn swarte tosken bleat en skopt Balder noch even yn ‘e side foar’t er syn kammeraat (makker) folget nei syn hear. Se stean ûnhandich te sjen hoe ’t se it oanpakke moatte. Pepijn is in grut foarst, yn alles (yn alle dingen), sa ien tille je net samar even op. ‘Do oan dy kant en do de oare’, kommandearret Willibrord, ‘pak him ûnder de earm fêst.’ De soldaten dogge wat er seit, mar hoe ’t se ek har bêst dogge, se krije allinne de holle fan ‘e flier. ‘It liket wol in soarte fan ja-knikker’, tinkt Balder, in lapepoppe dêr ’t trije manlju mei oant boartsjen binne’. Want ûndertusken hat ek Willibrord him derby jûn. ‘Earst omdraaie, seit er, ‘lûke oan ‘e rjochterearm en dan wy triuwe tsjin ‘e rêch’. Se stinne deroer, mar der komt beweging yn it grouwe lichem en mei in plof (?) falt de maarskalk op syn rêch. Syn mûle falt iepen en der komt in rocheljend (oare omskriuwing) gelûd út. ‘Foarsichtich, foarsichtich’, ropt Willibrord, ‘Helje frou Beaudeville(?), en it rûkersguod (wat? Vlugzout-fariant) en syn fammen (slaven?). Helje elkenien dy’t der te heljen falt.’ De soldaten fleane oerein om te dwaan wat Willibrord seit, se wolle niks leaver as fuort by it rocheljende lichem fan har foarst. Willibrord bûcht him oer de maarskalk en begjint fanatyk lûdop te bidden. Balder réalissearret him dat dit it momint is om te flechtsjen. Se ha him de hannen fêstbûn mar net de fuotten. (Hy moat eins noch erges oan fêst setten wurde, sadat er wat mear muoite dwaan moat om lost te kommen.) Foarsichtich skoffelt er nei de doar, net te langsum net te hurd. Willibrord fernimt neat, hy heart gjin fuotstappen, gjin ynholden azem, gjin lichem dat tsjin ‘e doarpost falt. Balder sjocht om ‘e hoeke fan ‘e doar, der is gjinien yn it foarportaal. Hy moat no as de bliksem soargje dat er bûten komt. Hy draaft sa hurd er kin it haltsje troch nei de bûtendoar en dan stiet er yn ‘e iepenloft. Hy glipt de hoeke om, drukt himsels tsjin ‘e muorre en sykhellet ferromme (ferlichte). Mar de opluchting duorret mar even, hy is it kastiel (of fort of sa) noch net út en wit net wêr’t er hinne moat. En sadree’t ien sjocht dat syn hannen fêstbûn binne, rint er gefaar. It tou moat fan syn hannen, mar hoe? Balder siket om him hinne, hy rint ticht by de muorre bydel om te sjen oft der erges wat skerps útstekt, mar de muorre liket geef.

(Even betinke hoe ’t er los komt en wa ’t him dêr by helpt: minsk of bist.)

*

(Balder giet werom nei hûs en wat treft er dêr oan?)