yntro



Wolkom op myn plog. Leuk datst der even bist. Op dizze site sil ik besykje it wurkproses fan Balder en de slach om Utrecht tagonklik te meitsjen. Om begelieders en belutsenen de mooglikheid te jaan om mei te sjen en te lêzen. En ek om research-, tekst- en byldmateriaal by elkoar te hâlden en te oardenjen as tarieding foar publikaasje.

Foar de dúdlikheid: hjir wurdt net oan wittenskip dien, te finen is in samling fan gearfettingen en sitaten. Der kin dus ek tsjinstrige ynformaasje jûn wurde. Dat komt troch de ferskillende ynterpretaasjes dy't de boarnen jouwe fan it hiel beheinde argeologyske en histoaryske materiaal. Ik doch gjin muoite ta ien ynterpretaasje te kommen. Sterker, ik sil de romte brûke foar myn eigen ferhaal oer de striid tusken de Friezen en 'e Franken yn 'e tiid fan kening Redbad. Ik neam wol alle boarnen en ferwiis as noadich nei in oare opfetting oer itselde tema.

Dêrneist smoare de teksten fan 'e taalflaters. Dy ha lykwols even net myn prioriteit. Ik wol myn tiid op dit stuit leaver foar de ynhâld brûke as foar it goed oersetten fan teksten.

Reagearje? Dat kin fia de kontakt-button ûnder oan dizze side! Tank, grAZ


NB Op de teksten fan dizze site is copy-right fan tapassing. Niks mei sûnder tastimming fan my of oare skriuwers brûkt wurde!