foar de simmer
27/02/08 11:20
Lit ik foaral net ferjitte te beneamen dat ik de earste
ferzje foar de simmer klear ha wol!
presintaasje Fryske Modernen
27/02/08 10:01
Fannemiddei presintaasje, bin benijd!
plog
27/02/08 09:46
De plog is behoarlik achterhelle, ha him al lang net
bywurke blykt no 't ik him nochris trochsjoch!
koart ferhaal klear
26/02/08 18:15
De earste ferzje fan it 'koarte ferhaal' fan Balder is
klear. It is noch net hielendal yn balâns, mar feitlik
ha 'k no alle linen fan it boek fêstlein,
minoftemear...
ferhaal part 2
26/02/08 14:58
Nei lang stinnen besluten dat ik part 2, dat him
ôfspilet yn it goadenryk, skriuwe sil om it tema
'geweld - geweldleasheid' hinne. Ha 'k in goed gefoel
oer.
Sintrale tema fan it boek wurdt dêrtroch: hoe geane je om mei konflikten tusken folken en religys.
It boek wurdt in 'coming of age' boek oer Balder, dy 't dêryn in stânpunt ynnimme moat om 'folwoeksen' te wurden: dat kracht, selsfertrouwen en trochsettingsfermogen noadich binne om foar in 'nije', geweldleaze libbenshâlding te kiezen yn wurd en yn die.
Dat in 'goed' stânpunt gjin garânsjes jout foar in goede ôfrin blykt út syn tragyske dea, dy 't tagelikertiid it ein fan it Fryske ryk en Germaanske leauwen oankundiget.
Sintrale tema fan it boek wurdt dêrtroch: hoe geane je om mei konflikten tusken folken en religys.
It boek wurdt in 'coming of age' boek oer Balder, dy 't dêryn in stânpunt ynnimme moat om 'folwoeksen' te wurden: dat kracht, selsfertrouwen en trochsettingsfermogen noadich binne om foar in 'nije', geweldleaze libbenshâlding te kiezen yn wurd en yn die.
Dat in 'goed' stânpunt gjin garânsjes jout foar in goede ôfrin blykt út syn tragyske dea, dy 't tagelikertiid it ein fan it Fryske ryk en Germaanske leauwen oankundiget.
oerlis Babs
22/02/08 13:02
Oerlis hân mei Babs. De raffelferzje fan part 1 en ek
it ein binne sa goed as klear. Allinne part 2 moat
noch. Wit noch altyd net goed hoe dat part 'yn
stelling' te bringen.
Ik wol foar de presintaasje by Fryske Modernen it hiele Balder ferhaal as koart ferhaal fertelle. Liket har in goed idee. Se kin der sels spitigernôch net bywêze.
Ik wol foar de presintaasje by Fryske Modernen it hiele Balder ferhaal as koart ferhaal fertelle. Liket har in goed idee. Se kin der sels spitigernôch net bywêze.
raffelferzje
19/11/07 11:48
Nei wat tarieding begûn mei de 'raffelferzje', in rûge
ferzje fan it boek. Bin benijd wêr't it ta liedt...
oerlis Babs
08/11/07 13:22
Yn oerlis mei Babs twa dingen besletten: ik meitsje in
'raffelferzje' fan it boek en ik jou in presintaasje
fan de fuortgong yn 'e wurkgroep. Teksten hâld it foar
mysels salang't dy noch net definityf binne.
wurkgroep Fryske Modernen
12/10/07 16:03
Sy wolle graach teksten sjen, ik wit allinne net oft ik
dat wol...
berjocht fan it Fonds
19/07/07 14:53
Se hawwe begryp foar in eventuele fertraging. Leaver
sjogge is in goed resultaat, fijn!
fuortgongsferslach
29/06/07 11:49
In nije fuortgongsferslach makke foar it Fonds en
opstjoerd.
nije opdracht
01/05/07 10:03
Bin frege oft ik in toanieltekst meitsje wol foar in
wykteaterprojekt. Kin ik eins net wegerje - wurdt goed
betelle - , al betsjut it dat Balder fertraging oprinne
sil...
grimmitich
19/04/07 13:30
Ik bin noch hieltyd oant sykjen nei de toan. It mei om
my wol wat grimmitiger.
discours
28/03/07 13:32
Mei Babs oer it 'discours' hân, siet ik wat op fêst nei
nije research. Mar we bin' der út! It draait om it
ynsicht dat je as yndividu - hoe graach je dat ek wolle
- net altyd ynfloed ha op wat der om je hinne bard. Der
binne gruttere machten en krachten (mearderheid tsjin
minderheid, kracht (ek agressy) tsjin swakte (ek
passiviteit)) dy 't yndividuele winsken oerspiele...
research
14/03/07 12:15
De lêste tiid in soad oanfuld by research histoaryske
personaazjes, benammen oer de histoarje fan 'e
Merovingers. En as resultaat dêrfan de Frankyske
personaazjes fierder útwurke.
nije teksten
08/02/07 19:10
De hiel rûge ferzjes fan dielen fan haadstik 1.5, 1.6
en 1.7 op 'e plog setten foar oerlis mei Babs. Ek de
prolooch is fernijd.
research personaazjes
01/02/07 10:12
De ôfrûne tiid benammen wurke oan tekst en oan it
fierder ynfoljen fan 'e personaazjes. Fandêr nije ynfo
yn 'research personaazjes', benammen ûnder mythologyske
personaazjes.
trochgean
21/11/06 11:29
Ofrûne wike oerlis hân mei Babs oer de earste teksten.
Konklúzje: sa trochgean. Ik besykje part 1 dit jier
noch rûchwei klear te krijen. It giet lykwols net sa
hurd as ik hope...
downloads
14/11/06 19:16
In nije rubryk 'downloads' makke. Hjiryn stean de
teksten yn Word-opmaak. Spesjaal makke foar Babs, sadat
se de teksten maklik korrizjearje kin!
Wer mei tank oan Jan.
Wer mei tank oan Jan.
resolúsje
12/11/06 21:31
It docht bliken dat sa'n santich prosint fan 'e minsken
dy't Explorer brûke har skermresolúsje ynsteld hawwe op
1024 x 768 pixels. De plog dêroan oanpast; hy is wat
lytser en kompakter wurden as er wie...
nij! nij! nij!
12/11/06 14:10
De plog is hielendal fernijd! Nije heading, nije
opmaak, nije typografy. En in 'update' nei de nijste
ferzje fan Rapidweaver, it programma dêr't dizze site
mei makke is.
Ek de problemen mei Explorer binne oplost: it submenu wurket (troch in 'hack' yn te bouwen).
Bedankt Jan! Foar it bouwen en ferbouwen fan it tema. Wie in hiele put.
Bin benijd wat elk derfan fynt...
Ek de problemen mei Explorer binne oplost: it submenu wurket (troch in 'hack' yn te bouwen).
Bedankt Jan! Foar it bouwen en ferbouwen fan it tema. Wie in hiele put.
Bin benijd wat elk derfan fynt...
antwurd meardere perspektiven
04/11/06 14:48
Babs: ik lit it noch even yn my omgean, mar ik bin net
ôfwiizjend. Foar de skriuwer en de lêzer is it
komplekser. Grut foardiel is datst in wat iepener
(wrâld-byld) joust. Fraach is dan wol wer oft dat past
by it sjenre 'goadeferhalen'. Der sitte ferskillende
kanten oan, yn alle opsichten.
meardere perspektiven?
04/11/06 11:21
Ik tink om it ferhaal fan meardere perspektiven út te
skriuwen, it as in soarte fan estafettte trochrinne te
litten. Foardiel is datst de motiven fan oare as de
haadpersonaazjes meinimme kinst en datst op meardere
plakken tagelyk wêze kinst (part 2). Balder moat al
haadpersoan bliuwe. Neidiel is dat it fertraagjend
wurkje kin en ...? Underwerp foar petear mei Babs.
antwurd submenu?
29/10/06 20:01
Babs: Krekt even op dyn plog west. Ik kin leau 'k noch
altiten net yn it submenu komme. As ik oer de earste
kolom beweech, ferskynt der net in submenu. By de
ferslaggen kin ik noch altiten net komme.
Ik sil noch even neitinke oer 'it Frysk'. Hearst fan my.
Ik sil noch even neitinke oer 'it Frysk'. Hearst fan my.
submenu?
28/10/06 01:00
Babs frege oft se no wol by it submenu fan myn plog
kin. Yn dat gefal meitsje ik foar myn teksten in
submenu, oars moat it ûnder elkoar yn it haadmenu.
We ha ûndertusken wol útfûn hoe't je trochlinke kinne binnen in side, mar it beswier bliuwt dat der dan enoarme lapen tekst ûnder elkoar komme...
We ha ûndertusken wol útfûn hoe't je trochlinke kinne binnen in side, mar it beswier bliuwt dat der dan enoarme lapen tekst ûnder elkoar komme...
taal
25/10/06 11:46
Fraach foar Babs: Ik bin oan it skriuwen en rin toch
hieltyd tsjin wurden oan wêrfan't ik (noch) net wit hoe
't ik se skriuwe sil. En om te foarkommen dat ik aanst
'de wereld' oan korreksjes dwaan moat, liket it my goed
om no al te kiezen foar bepaalde skriuwwizen. Foar
safier dat kin fansels. Myn fraach: soesto der oer
neitinke wolle oer watsto dwaan soest? Watfoar wurden
soest fuortlitte, oars skriuwe of oanpasse? Ik ha sels
in tal saken op 'e plog setten ûnder 'útgongspunten:
taal en wurdelist'. Liket dy dat wat?
submenu
19/10/06 11:03
It docht bliken dat Explorer it submenu fan 'e plog net
sjen lit. Firefox docht dat wol! We sykje noch in
oplossing...
ferslach
18/10/06 14:20
Babs: ik sjoch it ferslach net stean, of doch ik wat
ferkeard?
En letter: Ik folgje de ynstruksjes, mar ik krij se net. Nuver.
En letter: Ik folgje de ynstruksjes, mar ik krij se net. Nuver.
tekst
17/10/06 14:21
Ofrûne wike in petear hân mei Babs. We binne it deroer
iens dat de ferhaalline fan part 1 no helder is. Ik sil
dy no fierder útwurkje yn tekst.
antwurd hoe is it?
17/10/06 14:10
Gjin blokkades oant no ta. Mear in kwestje fan de
konsentraasje fine en tiid ôfbakenje. Ik ha ôfrûne wike
noch in petear mei Babs hân. Sy hat der wol fertrouwen
yn. En ik ek wol. Ha de earste opset op 'e nij
(fierder) útwurke. Is no klear. Begjin it no echt út te
wurkjen yn teksten. Besykje kommende moanne in grut
part fan it earste diel op papier te hawwen. Ha dan ek
wer in ôfspraak mei Babs pland. Moat noch even 'op
stoom' komme, mar ik ha der sin oan.
hoe is it?
16/10/06 16:26
Mirjam Vellinga: Hoe is it? Wol it wat mei it skriuwen?
Ferline wike ha wy as begeliedingskommisje wer eefkes
byinoar sitten om de stân fan saken te bepraten en wy
wiene fansels benijd nei dyn foarderingen. Rinst
nergens op fêst? Oars moatst it sizze hear!
alwer oktober
06/10/06 13:28
Tiid hâldt gjin skoft. Nije wike in oerlis mei Babs,
dan moat de útwurking fan 'e (haad)personaazjes klear
wêze en leafst ek de earste koarte teksten...
personaazjes, ferhaalline en plot
26/07/06 15:47
Dizze wike dwaande mei personaazjebeskriuwingen. En
wurke oan 'e ferhaalline. Ik réalisearre my nammentlik
dat de ferhaalline fan kening Redbad helder is. Dy rint
ûngefear gelyk mei de histoaryske line. It ferhaal fan
Balder is lykwols noch net sa dúdlik. En hy is it
haadpersonaazje! Tiid om te ynvestearjen yn it
mythologyske ferhaal en plot.
wer yn 'e loft
05/07/06 13:19
In skoftke derút west. Dat hie fansels alles te krijen
mei de berte fan Jolt. Mar no bin ik der wer...
De nije planning seit dat it boek ein 2007 klear wêze moat. Oan 't wurk dus!
De nije planning seit dat it boek ein 2007 klear wêze moat. Oan 't wurk dus!
antwurd fuortgongsferslach
23/05/06 09:56
Mirjam Vellinga: Moai dat it Fonds akkoart is en dat it
mei dy en Jolt ek allegear goed is. Ik hoopje datst
sels ek gau wer in bytsje op dyn âlde nivo sitst. Soest
my dyn ferslachje en in kopy fan de brief fan it Fonds
tastjoere wolle? Dan bin ik ek wer kompleet.
Wat de oanbieding fan Nyk syn oanbelanget: dat wie hartstikke moai. De seal siet goed fol en wy hawwe yn it foar ek aardich wat parse hân; Omrop TV en Radio (ek in reportaazje fan de oanbieding yn K-rûte), in stik yn de LC (ik stjoer dy it artikel wol eefkes ta) en dêrnei ek in goede resinsje yn de LC (sjoch op www.fryskemodernen.nl) en in artikel yn de Friesland Post.
Yntusken hat Meindert Talma ek in wurkbeurs krigen. Dat dy kin no ek oan de slach.
Sa, dan bist wer eefkes op 'e hichte.
Sukses mei alles!
Wat de oanbieding fan Nyk syn oanbelanget: dat wie hartstikke moai. De seal siet goed fol en wy hawwe yn it foar ek aardich wat parse hân; Omrop TV en Radio (ek in reportaazje fan de oanbieding yn K-rûte), in stik yn de LC (ik stjoer dy it artikel wol eefkes ta) en dêrnei ek in goede resinsje yn de LC (sjoch op www.fryskemodernen.nl) en in artikel yn de Friesland Post.
Yntusken hat Meindert Talma ek in wurkbeurs krigen. Dat dy kin no ek oan de slach.
Sa, dan bist wer eefkes op 'e hichte.
Sukses mei alles!
fuorgongsferslach Fonds voor de Letteren
22/05/06 16:03
Fuortgongsferslach nei it Fonds Foar de Letteren
stjoerd en fuortendaliks réaksje krigen. Sy gean
akkoart mei de nije plenning dy't ik nei oanlieding fan
myn swangerskip makke ha.
plog is ferhuze
01/02/06 16:00
De plog is ferhuze; op myn eigen site is mear romte
beskikber
foto's Kromme Rijn en omkriten
01/02/06 13:57
De foto's fan 'e besite oan Utrecht, Wijk bij Duurstede
en omkriten steane no op 'e site
bylden nimme te folle geheugen
26/01/06 11:38
De bylden wurde te grut. En ik soe der graach noch
folle mear op myn plog wolle, benammen fan
gebrûksfoarwerpen. Hoewol't it in soad tiid kostet...
Mar even sjen oft Jan dêr in simpele oplossing foar betinke kin.
Mar even sjen oft Jan dêr in simpele oplossing foar betinke kin.
nei Utrecht, en nije wike ek Dorestêd
19/01/06 11:31
Moarn sil ik nei it Utrechts archyf. Sjen wat se dêr yn
'e kolleksje ha oan materiaal oer Wiltenburg. En oer it
libjen yn 'e Rijndelta yn 'e iere midsieuwen. Koene se
my digitaal net fertelle.
Nije wike geane we dan 2 dagen; om te strunen yn 'e omjouwing en de spoaren fan it âlde Dorestêd te sykjen...
Nije wike geane we dan 2 dagen; om te strunen yn 'e omjouwing en de spoaren fan it âlde Dorestêd te sykjen...
no kin it echte wurk begjinne...
07/01/06 13:15
De earste deadline is ein jannewaris, dus tiid om it
earste wurk oer lokaasje en personaazjes ôf te
meitsjen.
de plog is klear!
06/01/06 13:47
Jan Tiemersma: De plog is klear om te brûken!
earste tekst yntypt
06/01/06 13:16
Earste tekst, test
tema kin oanpast wurde
06/01/06 10:05
Jan Tiemersma: Kinst it tema fan 'e plog oanpasse. It
is net maklik mar wol mooglik.