prolooch



Kin in foarspellend liet fan 'e skald wźze, mar ek in nachtmerje - in fizioen - fan Balder. Bygelyks:

nachtmerje


skimer (jūn) (nachtmerje/fizioen oer de begraffenis fan Balder)


It lūd fan ‘e midwinterhoarn klinkt. Balder skrikt wekker en sjocht om hinne yn ‘e skimer. Hy leit yn in donkere rūmte, dy’t hielendal leech liket: gjin stoel, gjin tafel, gjin lamp. De skimer dy ‘t troch it fjoergat yn it dak nei ūnder sakket, makket dat er krekt in hān foar eagen sjen kin. Hy leit ūnder in wyt kleed, dat ryklik borduerd is mei sulveren triedden en glźzen kralen, dy’t yngewikkelde motiven foarmje. Sa ’n prachtich kleed hat er noch noait sjoen. It ljochtet suver op yn ‘e skimer fan ‘e jūn. Dan heart er it wer: de hoarn. Ditkear binne it der mear, lytse en grutte. De ferskillende lūden foarmje in soarte fan melodij, de ierdske klanken drage fier. Der sprekt in ūnmjittelik fertriet śt. Balder huveret en wol oerein. Mar foar’t er him ek mar bewege kin, is it fjoer der, grut en hyt. Samar ynienen is er ynsletten troch oranje-reade tongen, dy ’t nei him rikje. It is of daagje se him śt. Ien foar ien tikje se him oan, sisjend, en litte swarte fegen achter op syn himd en skroeie syn hier. Balder skoot nei achter om ōfstān te kreėarjen, mar hy fielt de slangebiten yn syn nekke. Hy krijt it wite kleed en slacht de flammen del, mar hieltyd wer wit in nije tonge him te reitsjen. It swit brekt him oan alle kanten śt, hy sjocht sykjend om him hinne, mar sjocht gjin doar, gjin rśt, gjin inkelde mooglikheid om te ūntsnappen. De reek en de hitens meitsje it sykheljen hieltyd dreger. Balder slacht om him hinne, springt op en del, mar dat makket it fjoer allinne mar happiger. It liket oft laket it him śt, hieltyd lūder, oant it him hielendal omfettet. Hy siket it lźste bytsje asem dat er hat en raast en raast...

Altyd op dat momint wurdt Balder wekker. Syn eagen sykje en fine wat fertrouds, de stoel neist syn bźd, de tafel en yn ‘e fierte de doar en it rśt fan ‘e hut. It wurdt hast ljocht, der pykt in streepke healljocht ūnder dy’t ūnder de doar troch. En it is stil, fernimt oer ta syn fernuvering. Hy sykhellet djip, fielt oan syn beswitte gesicht. Hat net ien him razen heard? In lūde snoark (snoarkjen) ūnderbrekt syn gedachten. Balder glimket, slacht in doek (fel?) om en rint de pear stappen nei de oare kant fan ‘e hut dźr ’t it bźd fan Kwasir stiet. De wize dwerch leit mei in grutte wollen mūtse op te sliepen. Syn mūle hinget wiid iepen en hy snoarket as in āld okse. ‘Dy heart himsels net iens’, tinkt Balder, ‘gelokkich!’ (Wźr is de raaf? Of is dy fuortflein troch it geraas?) It is ferfelend as er minsken wekker makket, al hielendal om’t er altyd deselde dream hat. Neffens Kwasir dreamt er fan ‘e brān dy’t net allinne it hūs fan syn ālden ferneatige, mar ek syn heit en mem ombrocht. Balder wie de iennige dy’t it oerlibbe: hy siet foar it baarnende hūs en skriemde as woe er mei syn triennen it fjoer dōvje. Teminsten dat ha se him ferteld, want hy herinneret it him net. En ek net syn heit en mem. Hy soe sa graach witte hoe ’t syn mem derśt seach, en syn heit, oft er op har liket, mar spitigernōch komme sy noait yn syn dreamen foar.

De doar fleant iepen en in grutte frommis stoot deryn. ‘Balder, alles goed?’, freget se, ‘Wer deselde nachtmerje?’ Se slacht har earmen om Balder hinne, en lūkt him tsjin har boarsten. ‘Earme jonge’, sust se, ‘Bist net allinne’. Balder wit net hoe gau oft er him losmeitsje moat. Hy fielt him altyd wat ūngemaklik as Ant him betuttelt. Hy rint werom nei syn bźd en giet derop sitten. ‘Ik hearde dy oan ‘e oare kant fan ‘e būtenhōf razen’, ferfolget se. ‘Elkenien is der wekker fan wurden, Bowe spuide raar guod en Hille die der net foar ūnder’, rattelt se troch. Balder stoppet syn holle ūnder it kessen (of tekken, yn de tiid passend) ‘Oh nee’, tinkt er, ‘net wer.’ Dat betsjut dat er de hiele dei op lilke blikken rekkenje kin. En dat er foar lyts bern oansjoen wurdt, wylst er neat (niks) leaver wol as folwoeksen wźze en by de manlju hearre dy’t stride foar har folk en faderlān tsjin ‘e Franken (te gau?).

(Basearre op it idee dat er syn eigen begraffenis foarsjocht, mar net te letterlik)(Kin grif noch better)