mythologyske personaazjes



werom research personaazjes

werom personaazjes

Asen


De Asen binne de goadefamylje dy 't yn Asenlân wenje yn it goadenryk.
Neist de Asen is der de goadefamylje de Wanen. Dit binne saneamde 'fegetaasje-goaden' of fruchtberheidsgoaden, sjoch folgjende kop.

Wanen


De oare goadefamylje is de Wanen. By de Wanen hearre: Njördr (Nerthus), Freyr (Fródi, Ing) en Freyja.
Asen en Wanen ha net altyd in frede mei elkoar libbe. Der wurdt in Wanenoarloch neamd, wêrby't by it sluten fan frede beide kanten 'gijzelaars' holden.
De Wanen binne benammen fruchtbaarheidsgoaden, dy 't benammen oanbean wurden troch de agraryske befolking: foar in goeie oogst, sinne, rein. En in goeie wyn, geunstich waar foar fiskers en seefarders.
Se beoefjenje in foarm fan toverjen dy't de asen skandelik fine. Dat toverjen ha se fan Freyja leard. By de Wanen wie it trouwen fan broer en sus tastien, wat wize kinne soe op in 'maternale, mutterrechtliche' kultuer.
It ferskil fan verearing is benammen op sosjale ferskillen werom te fieren. De Wanen wiene benammen wichtich foar de boerebefolking, de Asen foar it stridende keningsgefolch.
> tekeningen op stien út 'e brûnstiid. (Evt,. ek Matronen, ferearin fan minsken, neisjen)

Sjoch Simek, 1984, s. 459



Balder


Balder is de twadde soan fan Wodan (Odin), syn mem is Frigg (yn myn ferhaal falle Frigg en Freyja tegearre). Syn broer is Hod (Hödr, Hotherus), dy't blyn is. Fan Balder is niks as goeds te fertellen (seit Snorri): hy is de beste en elkenein priizget him. Hy sjocht der prachtich út en is sa ljocht, dat it liket oft er ljocht jout. Hy wennet yn Breidablik, dat yn 'e himel leit en dêr't neat ûnreins is. Hy is troud mei Nanna (in Deenske keningsdochter) en hat in soan Forseti (de Fryske god fan it rjocht). Hy is de eigner fan it skip Hringhorni, in skip mei it sinnesymboal (krús) oan 'e steven, en de ring Draupnir, der 't elke elke njoggende nacht acht like swiere ringen ôfdruppe. De lêste krijt er mei fan Wodan op syn brânsteapel. Nei 'Ragnarök', it ein fan it goadenryk, keart er mei syn broer út Hel om yn 'e nije wrâld te libjen.
De betsjutting fan de namme Balder is net dúdlik: it fan 'ljocht' ôflaat wêze (God fan it Ljocht), mar ek gewoan 'heer' of 'foarst' betsjutte. Ek wurdt neamd: dapper, kracht, ensfh.
De plantenamme Balderbrà foar de wite kamille is fan Balder ôflaat; de blom stiet foar stralende skjintme fan 'e god.

Balder's dea en begraffenis wurdt wiidweidich beskreaun troch Snorri. Oer syn dea: as Balder nachtmerjes hat, beslute de Asen om him te beskermjen. Frigg nimt alle libbene wezens, en ek de stiennen, de eed ôf dat se Balder gjin kwea oandwaan meie. De goaden meitsje der in spultsje fan troch op de net te ferwûnen Balder te sjitten of him te slaan. Allinne Loki is jaloers. Hy fynt (ferklaait as frou) út dat Frigg allinne de mistel gjin eed swarre litten hat, om't dy noch te lyts wie. Loki nimt dêrop in misteltûke en jout dy oan de bline Hod, sadat dy ek meidwaan kin oan it spul. Loki helpt him te rjochtsjen en Hod goait de tûke nei Balder. de tûke feroaret yn in spear dy't Balder trochboarret en deadet. De goaden binne ferslein. Odin wit dat dit in ramp foar minsken en goaden feroarsaket.
Hy en Frigg stjoere Hod nei Hel om foar it libben fan Balder te pleitsjen. Hel wol Balder frijjaan as elkenien om Balder gûlt. De hiele wrâld gûlt dêrop, útsein de reuzin Thökk en dêrom moat Balder by de deaden bliuwe. Snorri mient dat dizze reuzin eins Loki is. Balder wurdt yn syn skip Hringhorni ferbaarnd, tegearre mei syn frou Nanna dy't út fertriet stoarn is. Wodan (Odin) leit syn ring Draupnir op 'e brânsteapel.

Yn 'e Edda wurdt Balder's dea ek beskreaun, yn 'e rige fan saken dy 't Ragnarök foarôfgean.
By Saxo Grammaticus is Nanna, de Deenske keningsdochter, de reden foar de striid tusken Balder en Hod. Earst wint Hod, mar letter Balder. Hy wurdt de Deenske kening. Dêrop deadet Hod Balder mei magy en in swurd, it iennige dat him deadzje kin.

Balder's dreamen binne beskreaun yn 'e Edda. De goaden sitte yn noed oer de nachtmerjes fan Balder, dy 't in mooglike betide dea foarsizze. Nei berie beslút Odin nei de ûnderwrâld (Niflhel) te gean, dêr't er in deade sjenneres (Völva) ta libben wekt. Under de skûlnamme Vegtamr stelt er har fragen om te hearren wat it lot fan Balder is, wa syn moardner is en wa de 'wreker'. Oan 'e ein herkent de sjenneres Odin.

Sjoch Simek, 1984, s. 34-42



Balder is benammen wichtich yn de tiid foar de bekearing nei it Kristendom. Hy wurdt dan tsjinoer Kristus setten. Nei alle gedachten omdat 'ûnskuld' syn wichtichste eigenskip is (y.t.t oare goaden)

Sjoch Derolez, 1959, s. 134-35


Simek set dêr tsjinoer dat de Balder-mythe mear ferbân liket te hâldenmei de shamanoïde-kontekst fan 'e Germaanske Odin-religy. (Nei oanlieding fan De Vries, dy 't tinkt oan in Inisjaasje-rite)

Sjoch Simek, 1984, s. 37



Kwasir (Kvasir)


Doe't de twa goadegeslachten de Asen en de Wanen nei de 'Wanenoorloch' frede sluten, besegelden se dy troch yn in fet (Gefäss) te spuien. Ut dit speeksel waard Kwasir skepen, de wiiste fan alle minsken. Twa dwergen Fjalarr en Galarr, fermoarden Kwasir en fongen syn bloed op in trije fetten op: Bodn, Són en Ódroerrir. Se fermongen it mei huuning en dêrút ûntstie in mede, dy 't elk dy 't der fan drinkt in dichter makket. De mede wurdt ek 'Kwasir's bloed' neamd. Hy is ien fan 'e Asen (hoewol't Snorri ek fertelt dat Kwasir fan de Wanen is en gizele waard troch de Asen) De ferwizing nei drank lit him fergelykje mei kvas, dat út (kôge) beien makke wurdt yn Noorwegen en Ruslân. Speekselferminging en nuttigjen fan roesdranken hearde yn 'e seremoanjes foar ferbûn en fredesluten.
Ek fergeliking mei Indogermaanske leauwen dêryn't de Gott Indra de goadedrank stelt.

Sjoch Simek, 1984, s. 226



Loki


Loki is de 'veelzijdigste' god fan alle goaden, mar ek de negatiefste. Hy is de heit fan 'e fijannen fan 'e goaden: Fenrir de wolf, de Midgardslang en (de) Hel, mar it is ek hy helpt de goaden út de muoilikste omstannichheden. Hy is in freon fan Wodan en Donar, mar is 'opvliegend', .. en hannelet fandêr út, mar makket dat ek wer goed. Is ek 'spassmacher' en sa nuttich foar de goaden.
Ferhalen: a) Loki , Thjazi en de ûntfiering fan Idun, b) Loki en de bau fan Asgard en de geboarte fan Sleipnir de hengst, c) Loki en Thor, d) Loki en de Kleinode fan de goaden, e) Loki as rover fan it Brisingamen, f) Loki en Andvari, g) Loki en Balder's dea, h) Loki en Ragnarök, i) Loki en syn famylje (Snorra Edda), j) oare nammen?

Sjoch Simek, 1984, 238-241



Fenrir


Fenrir, de wolf, is in soan fan Loki en de reuzin Angrboda. Krekt as Midgardslang en Hel. Hy wurdt opfieden troch de goaden mar as er te grut wurdt mei kettingen fêstbûn. Hy wit him twa kear los te meitsjen, de tredde kear brûke de goaden Gleipnir, dat sacht en licht is (en ûnsichtber). It waard troch Skirnir by de dwergen helle, en bestie út: Geräusch der Katze, dem Bart einer Frau, aus den Wurzeln der Berge, dem Atem eines
Fisches und der Spucke eines Vogels; koartsein alle dingen dy't net bestean (Kin riedsel wêze of basearre op noch âlder mearke)
By Ragnarök ek oare wolven, dy't ûnder mear de moanne en de sinne opite. (Soene famylje wêze kinne fan Fenrir)

Sjoch Simek, side 92-93 en 132



Odin (Wodan)


Wodan is de haadgod fan 'e Eddyske mythology en de meast 'veelzijdige': hy is de heit fan 'e goaden (de alvader, de oare goaden tsjinje him as bern), god fan 'e dichters, god fan 'e deaden, god fan 'e oarloch, god fan 'e magy, god fan 'e runen en god fan 'e ekstase.
Mythen: Odin is, mei syn bruorren Vili en Vé, ien fan 'e earste goaden, soan fan Burr en de reuzin Bestla. Hy is troud mei Frigg en hat mei har Balder as soan. Oare soannen: Thor (mei Jörd), Vali (mei Rindr) en Heimdall, T´yr, Bragi, Vidar en Hödr. Hy wennet yn Asgard, yn Hlidskjálf, fan wêr 't er de hiele wrâld oersjen kin, hy wurdt dan ek as alwittend beskôge. Syn attributen binne: de spear Gungnir, dy't kekt as syn ieneaglikens, syn hoed en mantel syn stereotype foarstelling foarmet, de ring Draupnir, de raven Hugin en Munin, dy 't oer de hiele wrâld fleane en by it moarniten ferslach útbringe fan wat se sjoen ha 9hy wurdt yn dat ferbân ek de ravegod neamd), it achtfuottige hynder Sleipnir 9grutbrocht troh reuzenhengst Svadilfari en Loki). Syn kennis hellet Wodan ek by de holle fan Mimir en de boarne fan Mimir, wêrfoar er syn ien each as pân jaan moatten hat. Folle minder as Thor (Donar) wurdt er neamd as held yn mythyske avontueren: kenniswedstriden (û.m. mei in reus), dy't er wint, hy wurdt troch kening geirrödr twong ta iepenbiering fan mythyise kennis en jout in lange rige Odinsnammen fuort. Mear wurdt ferteld oer de roof fan 'e skaldenmet (skaldenmede), wêrfoar 't er de reuzedochter Gunnlöd ferliede moat. Odin wurdt mei meardere leafdesaventoeren ferbûn (fgl. Zeus). Hy beropt him der sels op yn fergeliking mei de aventoeren fan Thor. It selsoffer fan Odin, wêrby't er himsels - troch in spear ferwûne - oan njoggen nachten oan in 'winerige' beam ophong om sa de kennis fan runen te krijen. Odin wurdt benammen neamd as de beskermhear fan 'e krigers en yn in slach de fallenen de 'einherhar' takommen docht; hy sammelet ferstoarne dappere krigers om him hinne yn it Walhalla. Sy helpe him tsjin de machten fan 'e ûnderwrâld te fjochtsjen, oant ragnaröck (it needlot fan 'e goaden). De walkuren, 'de famkes fan Odin' helje de fallenen fan it slachtfjild en nimme se mei nei walhalla, dat in soarte fan krigersparadys is.
Odin wurdt ek as kening en priester fan 'e Asen foarsteld by it te wenjen setten yn Asenlân. Fierder wurdt Odin's ferbanning neamd,.
Funksjes fan Odin: a - de alvader fan 'e goaden, it hear oer it goadenryk (rol by it ûnstean fan minsken en wichtige keningsgeslachten), b - benammen oarlochsgod/skrygsgod, neist god fan 'e dichters en a, c - Innige ferhâlding mei de deaden, d - kennis fan runen en dichtkeunst, e- god fan 'e magy (yfm d) (sjamanisme) f - godlike arts (yfm e)
De Odinkultus/-leauwen: a- mar in bytsje bekend: neamd wurde bisteoffers, minskoffers, bylden b- mar in bytsje namme ferwizingen, meast wol âlde en tink oan 'Wo(d)ensdag'. c- fergl. Wodan-Mercurius d- bylden fan Odin yn grottekeningen, stiensnedes, brakteaten, plaatsjes foar op helmen, stienreliëf, bildsteinen. 4 - etymology: wut = besessen, ferwizing nei dichterlike en kultus besetemheid. Ek 'seher' (magy, gave fan 'e feroaring yn oare wêzen (Verwandlung) fgl. Ind. Varuna). Fierder: Odinsbeispiel, Odins einwanderung, Odinsweihe, Odinsnamen, Odins selbstopfer, Odins Verbannung.

Simek, 1984, s. 293-306!



Walküren (like-kiezers)


Oarspronklik deadendemonen, dy't de fallenen fan it slachfjild krigen. Doe 't de foarstelling fan it Walhalla feroare fan in slachfjild yn in krigershimel feroare ek it byld fan 'e walküren: sy wurde in soarte fan 'skyldfammen', ierdske krigerinnen dy't mei de krigers yn it Walhalla fierder libje. (en foar de helte foar Freya stride, sjoch dêr. Wite en swarte walkuren?
Yn in noch âldere betsjutting wiene sy nau mei Odin ferbûn as útfierders fan syn winsk: deadendemoanen dy't it lot brochten. Se wurden wol 'de fammen fan Odin' neamd. Se komme in soad yn Heldedichten foar, verlieze dan it demoanyske, wurde ferminsklikt byg. troch ferlyfdheid.
Djaradarljód wurdt ek wol it walkurenliet neamd.

Sjoch fierder Simek, 1984, s. 456-457



Freyja


De wichtichste goadin, fan 'e leafde/leavendjen, en de moaiste. Sy heart by de goadenfamylje fan 'e Wanen. Is dochter fan Njörd en syn suster (letter broer) Freyr. Se is troud mei Odr (Asenferhaal) en Freyr (Wanenferhaal) en hat in dochter Hnoss en Gersimi. Freya is fan 'e goadenfamylje de Wanen en dêrom in fruchtberheidsgoadinne.
Se wennet yn 'e himel, yn Folkvangr, yn 'e Halle Sessrúmnir. Har wein wurdt lutsen troch katten. Oare attributen: Falkekleed/gewaad, de eber Hildisviní en yn it bysûnder de halsbân Brísingamen.
As sy oarloch fiert, krijt sy de helte fan alle fallenen en Odin de oare helte. Se hâldt fan liefdeslieten en it is ferstannich om har oan te roppen foar help by leafdessaken.
Se is ferbûn mei de ferhalen fan reuzen en reuzinnen. Byg. de hammer Mjöllnir. Se wurdt ek fan hoererij beskuldige. Freya gûlt gouden triennen om har man dy 't lang fuort is. (Balder yn myn ferhaal).
Beskerm en leafdesgoadinne, eigen kultus en 'húslike kultus'.
Der bestiet in spotfers út 'e tiid fan kristianisaasje op Freya: 'Ich mag kein bellenden Götter, Freya halte ich für ein Hundin'. (999) De persoan yn kwestje waard yn 'e ban dien.

Simek, 1984, s. 105-107



Frigg


Frigg (Frea, Frîja) is de haadgoadinne fan 'e Asen, de iennige dy 't kwa betsjutting fergelykber mei Freyja is. Frigg is de frou fan Odin, de mem fan Balder en dochter fan Fjörgynn. Se wennet yn Asgard yn Fensalir, har tsjinneressen hite Fulla en Gná. Har attribút is it falkekleed. Se komt benammen yn 'e Balder mythe foar; se nimt alle dingen op 'e wrâld de eed ôf dat se Balder ûntsjogge en op har winsk rydt Hermodr nei Hel om Balder frij te pleitsjen. Fierder yn 'e rol as echtgenoate: yn ' oarloch fan 'e Wandalen tsjin 'e Lagobarden en de ferbanning fan Odin. Frgl. mei Venus > Freitag (Vrijdag). Frîja betsjut 'frau' en 'geliefde'. ek fgl. Zeus en Hera.

Simek, 1984, s. 110-111



Freyr (Frodi, Fricco)


Wichtichste god út 'e Wanen-famylje en wichtichste fruchtberheidsgod. Freyr is de soan fan Njödr en syn suster. Hy is broer fan Freyja en sa as oarspronklik by de wanen gebrûklik ek har echtgenoat oant hy by de Asen om de hIan fan de reuzendochter Gerdr freget en har troud. Freyr is eigner fan it skip Skídbladnir (en dus fan betsjutting foar skipfeart) en de ever Gullinborsti, sy 't syn wein luts. (ever is teken fan fruchtberens). Freyr wenner yn Alfheimr, hy regeart oer rein en sinneskyn, en dêrmei oer groei op ierde. Hy wurdt oanropt foar in goeie oogst en frede. Hy waakt ek oer de rykdom fan minsken. Ferhalen: ragnarök, (byld fan fallus), oanroppen by offerfeesten, amuletten.

Simek, 1984, s. 107-109



Disen


In soarte fan froulike fruchtberheidsgoadinnen (sjoch ek 1. Merseburger Zauberspruch, Idisi)
Dêr ’t oan offere waard (Dísablót). Grutter offers by it begjin fan ‘e winter wurde neamd fan 13 e ieuw ôf. (Ek yn ‘e hjerst en begjin fan it nije jier ‘Mutternacht’ neamt en begjin febrewaris.) Der is sprake fan in gastmiel. Mooglik ek in kultus-feest, om in tempel hinne. De Hal fan de Disen hyt Dísarsalr.
Disen wurde omskreaun as dreamfroulju, en as walküreachtige deadeliedsters. Se wurde ek as de sielen fan deade froulju neamd. Dise wurdt ek wol as wurd foar frou brûkt, byg, yn kenningen. Presise omskriuwing dreech, liket tegearre te fallen mei ferearing fan froulike (heal)goaden en matronen-kultus.
Simek, 1984, s. 69-70

Nornen (froulju fan it needlot)


Nornen binnen de froulju fan it needlot. Snorri: Under de es, by de bron stiet in moaie hal. Ut dy saal komme trije famkes Urd, Verdandi, Skuld, dy 't it libben fan 'e minsken bepale. Se hite Nornen. Har nammen betsjutte ferline tiid, notiid en takomstige tiid fan 'worden'. (Yn myn ferhaal in jonge, in folwoeksene en in âlde frou)
Oarne nornen gean nei alle bern dy 't geboaren wurde en bepale har lot. Guon nornen binne fan goddelike komôf, guon binne alven, guon dwergen. Nornen wurde in soad neamd yn 'e boarnen. Der binne goeie (help by berte, ek yfm wrâldbeam Yggdrasyll, fgl. Disen en Matronen) en minne nornen (fgl. walkuren), se bepale goed en min. By de Germanen mist it aspekt fan spinnen en weven fan it lot, dat is foarbehâlden oan 'e walkuren (Daradarljód, hjiryn wurde wol nornenammen neamd: Hildr, ensfh., dy't op in weefgetou fan minskelike yngewannen, skedels, spearen, en swurden it lot fan 'e soldaten yn 'e slach weve). Kenning: spear en weven betsjut striid (slach, oarloch). Ek nornen bepale lot yn striid. Net altyd heldere ferdieling/ynterpretaasje mooglik fan har rol.

Simek, s. 290-291 en 64-65



Alben (Alfen, Elfen)


In soarte mythologyske wêzens, dy;t benammen yn relaasje mei de Asen neamd wurde. Der falle hiel ferskillende wêzens ûnder. Se stean yn hiërargy: Asen-Alben-Dwergen. Guon stean ticht by Asen. Der is sels sprake fan Alben-offers (Álfáblót). De swarte alfen (Schwarzalben, ek 'Dunkelalben' neamd) foarmje in ûndergroep fan alven, dy't rjochting de dwergen lûke. Byg. ferhaal oer de smid Wieland, die oer Alben hearsket.
'Albschuss' (frg. Hexenschuss) brûkt tsjin demoanyske kant fan Alben. Oare soart binne de 'Alfar' , dy't de allermoaiste minsken neamd wurde en as foarâlder fan Kening Harald Schönhaar neamd wurde (Alfr, Gandalfr, Alfhild). De 'Ljochtalven' (Lichtalben) wurde moaier as de sinne neamd. Se wenje yn Alfheimr, dier't ek Freyr wennet. de swartalven libje yn Swartalvaheimr, op itselde nivo as de dwergen. Mar inkelde nammen oerlevere: Dáinn. (Ek dwerchnamme). Der wurdt wol in fergeliking makke mei kristlike ûnderskied: ljochtalven- ingelen en swartalven (en dwergen)-duvels. de 'donkeralben' wurde wol yn ferbân brocht mei ferstoarne foarâlden. It is ek mooglik dat ljocht en donkeralven yn ferbân stean mei fruchtberheids- en deadenkultus. Etymology: namme kin ferwize nei wyt, glânzgje, lichte nevelgestalt of keunstryk, keunstner.
Oer it alfen-offer wurdt neamd: dat bloed fan in stier op in heuvel getten wurden moat dêr't alven wenje en foar har in miel fan it fleis te meitsjen om sa de alven te freegjen om genêzing.

Simek, 1984, s. 8-10 en 12



Thor (Donar)


Thor is de sterkste Asengod en de befjjochter fan reuzen. Hy wurdt meast de soan fan Odin neamd en is dan dus in broer fan Balder. Hy is de soan fan de reuzin Jörd, dat ierde betsjut en ferwiist nei de oarsprong fan Thor as soan fan de 'Erdmutter'. Hy hat soannen: Modi, Magni, Thrúdr en in styfsoan Ullr. Syn frou is de godinne Sif. Op syn reizen troch Reuzenlân wurdt er meast begelaat troch Loki. Yn de Hym is it Tyr. Syn tsjinners binne de boeresoannen Thjálfi en Röskva, dy 't him as boete foar it skeinen fan syn bokken tafallen binne. Thor wennet yn Threudvangr, wat ferwiist nei syn kracht (krekt as de nammen fan syn soannen). Syn hal dêr hyt Bilskírnir. Hy hat in wein, dy't troch twa bokken lutsen wurdt. Hy wurdt dêrom ek 'Hear fan 'e geiten' neamd of de 'weingod'. Hy hat inKrachtgordel en in izerne want, dêrby krijt er fan de Reuzin Grídr de stêf Gridarvölr. Syn wichtichste attribút is syn hammer, Mjöllnir; in ôfskrikwekkend wapen tsjin reuzen en symboal foar it germaans-heidenske leauwen dat tsjinoer it Kristus-krús setten waard.
Thor waard foarstelt as grut, krachtich, mei in reade burd, in stekkende blik en in grutte iter en drinker. Syn eigenskappen binne werom te finen yn de nammen fan syn soannen: kracht (magni) en toarn (modi), mar hy stiet ek foar ienfâldichheid.
Thor is de ferdigener fan goaden en minsken tsjin bedryglike machten; Utgards, benammen Reuzen en de Midgardslang.Yn dy rol makket er in soad avontoeren mei. De hammer Mjöllnir spilet meast in wichtige rol. Allinne al it swaaien dermei bringt dronken reuzen Hrungnir dy't it Walhalla binnendrong binne ta besinning. Letter oerwint de hammer it sterkere wetstien fan 'e reuzen. It soe by dit gefjocht gean kinne om in gefljocht tusken de waargoaden, mar ek om de âldere stientiidwapens en de nije metalen wapens. Populêr is it ferhaal dêryn't Thor in stik gloeiend hjit izer werom goait nei de reuzen en in hiele hûsmuorre ferneatiget. Thor is dan syn hammer kwyt, hy is stellen troch de reus Thrymr en hy wol him allinne ruilje tsjin 'e goadinne Freyja. Omdat de goaden dêroan net meiwurkje wolle ferklaaid Thor him as breid en Loki as syn tsjinneres. Pas by it houliksmiel, as de hammer foar 't ljocht komt, ûnthuld Thor wa't er is en slacht Thrymr del. (Oare ferhalen letter neisjen)
Hoewol't Odin as heechste God beskôge wurdt, binne de goaden yn in saod mythen ôfhinklik fan de beskerming fan Thor. Dat is mooglik te ferklearjen trochdat Odin benammen keppele wie oan de hegere klassen en skalden (as God fan dichtkeunst, magy en runen) en Thor foar de boerekrigers fan grut belang wie en as fruchtberheidsgod (as krygsgod en as waargod (tonger, bliksem, rein en wyn).
Dat Loki him faak begeliedt hat te krijen mei de tsjinstelling tusken beide: Thor as earlik, braaf en sterk, Loki as listich. Wurket komysk, mar Thor hat as it derop oankomt mear autoriteit.
Syn frou Sif liket gjin rol te hawwen yn 'e ferearing, har namme betsjut wierskynlik allinne 'de echtgenoate'.
De tsjinstelling tusken Odin en Thor wurdt helder yn it let ûntstiene Hárbardsljod: Oan Odin hearre alle fallene foarsten, oan Thor alle fallene knechten. Se ha lykwols ek in soad oerienkomsten: as foarâldergoaden fan foarstegeslachten byg. Beide wurde yn runen oanropt. Beide binne ferbûn mei striid en oarloch, ensfh.
(oant side 394-2)
2a Bekend binne ôfbyldingen fan Thor dy't in Hochsitzsäulen (s. 309, erepijeler oan 'e noardside fan hûs, ferbûn mei foarâlderkult en kult fan 'e 'zuilen' fan 'e wrâld, symbolisearre yn ûndersteuning fan it dak) útsnijd binne of saneamde Goadenagels ynslein as teken fan ynwijd wêzen (fergelyk ferhaal mei de wetstien). Dizze waarden foar de kust yn it wetter goaid. Dêr wêr't se oan lân kamen waard boud.
It dragen fan in hammer om 'e nekke as amulet kaam in soad foar.
In Thor's offer wierskynlik offerje fan twa bokken. (Ferhaal is dat ast de bonken op it fel leist, de bokken de oare deis wer libje) Minskoffers binne ûnwierskynlik.
2b Thor neamt yn runen dy't yn stien kerft binne, ek hammerbyld, letter ek op grafstiennen.
Thor benammen populêr fan de Vikingentiid ôf (nei ferhaal Balder)
Thor = Jupiter > donderdag (Byld = Herakles/Hercules, mei reuzen) Thor= Indra
Hammer ek as 'Brautwiehe', symbolysk yn it ramt fan fruchtberheidsgod

Simek, 1984, s. 390-399 , 402-405



nei Germaansk wrâldbyld en leauwen