Franken



Hôfmeier Pepijn (II, Pepijn wurdt de middelste en de jongere neamd)


(hofmeier NL, maire du palais FR, mayor GB, hausmeier D, fan oarsprong latijn: maior domus)


Pepijn is offisjeel hôfmeier fan 'e Frankyske kening Theuderik III, mar is yn werklikheid de machtichste man fan it ryk. Nei de beslissende slach tusken kening en hofmeier yn 687 by Tetry waard Pepijn hofmeier fan hiel Frankryk, hoewol't Theuderik kening bliuwe mocht. Theuderik is troud mei de suster fan Pepijn, Clothildis.
Pepijn syn earste belangstelling leit lykwols net by regeare, mar by sa machtich mooglik wurde, benammen kwa besit fan lân en lúkse guod. Sawol de grûn as de hannelsroute dy't de Friezen hawwe, binne dêrom syn doel. Fandêr dat er de hannelsgong fia de Rijn blokkearret foar de Friezen en oanspraak makket op 'e hannelsroute nei it noarden. (De hannelsroute oer lân nei de Eastsee wurdt troch opstannige Slaven-folken blokkearre, de Franken moatte dus ek fia de Rijn)
Pepijn wol it hiele Fryske keninkryk feroverje en kerstenje en syn machts- en kultuergebiet út te wreidzjen. It leauwen yn ien God (machthawwer) sprekt him bysûnder oan.

Pepijn is troud mei Plectrude (650-717), mar hat ek in minnares (Ch)Alpaida. Sy wie de jeugdleafde fan Pepijn, en wie krekt has hy en syn bern berne yn Herstal, by Luik, België. Tegearre mei har hat er twa bern: Karel (Charles) en Childebrand (-bert?) (duc des Franks, comte de Bourgogne).
Mei syn frou hat er ek twa bern: Drogon (de Champagne) (berne 670, duc de Champagne (en Burgondië?) en Grimoald (II) (berne ?, 700 maire de Neustrië en Bourgondië, troch syn heit dêr delsetten om de kening yn 'e gaten te hâlden, mar dêrom ek fermoarde yn 714.

Pepijn is modderfet, mei graach ite en fynt it fan it grutste belang om in kwalititeitshúshâlding te hawwen, mei graach yn lúkse leve. De Friezen biede him heechsteande tekstyl (laken) en hannel en kontakten mei oare (Noardlike) lannen, dêr't benammen lúkse guod weihelle wurdt: barnstien (opsykje). Pepijn hat leaver sels tagong ta dy winstjouwende hannel en wol dêrom de Friezen oerwinne. Se blokkearje him no de tagong ta de noardlike hannelslannen. Hy hat de rykdom en it lân nedich om de geunst fan syn 'veeleisende' adel te hâlden (tsjin de Merovingyske kening)

Pepijn is troud, mar syn frou wennet op kasteel (plak) yn Bourgondië. Syn soan Grimoald is altyd by him, krekt as syn minnares en har bern. Grimoald is net de sterke opfolger dy't Pepijn noadich hat, mar hy wol de tekoartkommingen fan Grimoald net sjen.

It hôf fan hôfmeier Pepijn II is in bewiis fan ‘e macht en rykdom dy’t er sammele hat. Hoewol’t it kristlike leauwen oanhong wurdt,
Dat is yn tsjinstelling mei de hâlding fan Willibrord, dy’t in libben fan ienfâld en devoasje libbet. Pepijn en Willibrord ha elkoar noadich; Pepijn hat Willibrord noadich om de Friezen te oerwinnen yn sosjale sin troch har te bekearen ta it kristendom en se op dy manier ûnderdiel fan it Frankyske ryk te meitsjen. Willibrord hat Pepijn noadich om de Friezen te oerwinnen yn militêre sin.

Pepijn hâldt fan it goeie libben en is in master yn it ûnderhâlden fan relaasjes. Hy is frijjouwich, mar allinne om syn eigen macht te ûnderbouwen. (It wie de gewoante om lân fuort te jaan yn ruil foar militêre tsjinsten. Boppedat wie 'rûch lân' frij om te besetten, bygelyks it lân yn it 'niemandsland' tusken de Franken en de Friezen) Pepijn is dêrom altyd op syk nei nije boarnen fan ynkommen yn de foarm fan lân en rykdom (hannel). De Friezen hawwe de hannel mei noardlike lannen yn hannen fia see, trochdat se de Rijn behearskje. Pepijn wol dat graach feroarje. (Hy is net sa bot ynteressearre yn it lân fan ‘e Friezen, dat is rûch en sompich en inkeld goed foar feeteelt.) Hy is net benaud om dêrby geweld te brûken en is beslist net sachtsinnich.

Syn bline flek is: hy is in opportunist, en kin dêrtroch net begripe dat oaren har liede litte troch idealen.
Syn swakke plek is syn maitresse (Ch)alpaïda, dy’t syn iennige en echte leafde is.

Pepijn is riker as de Friezen, hat mear te bieden op it mêd fan iten, drinken en lúkse (goud, sulver, glês, edelstien, side en oare lúkse stoffen). Sa bringt er bygelyks in nije kleurstof mei: meekrap, dêrmei't read ferve wurde kin en purper foar pears (dat allinne troch Romeinske keningen brûkt wurde mocht). Evt. saffraan foar helder giel (waard brûkt troch Ierske keningen). De kleuren binne oantreklik foar de Friezen, net allinne foar lúkse en status mar ek om lakense stoffen mei te fervjen foar de hannel.
Hy bringt ek nije ytgewoanten (etikette) en resepten mei.

Willibrord


De mûnts Willibrord komt oarspronklik út Ierlân, mar is nei it fêste lân kommen om it kristlike leauwen te ferkundigjen. Hy hat al earder yn Fryslân west, yn 'e tiid fan Kening Aldgilles, dêr't er in goeie bân mei hie en dy't him yn Fryslân predikje liet. Dat is feroare sûnt Redbad oan 'e macht is (Betinke/neisjen wat der presys bard is). Willibrord is net mear wolkom yn Fryslân. Willibrord jout lykwols net op en slút him oan by Pepijn, dy 't in kristlik hôf fiert en hopet dat Willibrord derfoar soargje kin dat it Fryske folk him gau deljout nei de oermastering.

Willibrord is in ienfâldige mûnts mei grutte aspiraasjes op geastlik flak. It is net foar niks dat er nei Rome giet om him as Bisschop fan Utrecht ynsegenje te litten. Hy hâldt lykwols net fan uterlik fertoan en braspartijen. Wat dêr't Pepijn hiel goed yn is. Willibrord is devoot, yntelligint en liket sachtsinnich, mar giet oer liken om syn leauwen te ferkondigjen. Syn bline flek is dat er him absolút net foarstelle kin dat ien Kristus ôfwize kin, benammen net foar it bacchanaal fan 'e Germaanske goaden.

prins Grimoald


Soan fan Pepijn. Doocht net rjocht (betinke/opsykje wat er krekt hat) Miskien is er noch wol hiel jong, byg. in kleuter.

Karel (Martel)


De bastaardsoan fan Pepijn by syn minnares. Alder as Grimoald, mar wurdt net erkend as rjochtmjittich opfolger. Wurdt letter toch de opfolger fan Pepijn, trochdat er mear stipe krijt fan folk en adel as Grimoald. Hy oermastert de Friezen definityf. (en wurdt kening fan ?)

oaren


edelen
soldaten
keukenpersoneel
minnares(sen) fan Pepijn (en Willibrord?)