histoaryske personaazjes



werom research personaazjes

werom personaazjes

Franken



Pippijn II


Pippijn (Pepijn) van Herstal - ek wol Pepijn de Jongere neamd -, hofmeier fan it Frankyske ryk, yn tsjinst fan de Merovingyske kening Clovis IV (ek III). Hy krijt as hofmeier fan Austrasië, Neustrië en Bourgondië hieltyd mear macht. (it is it begjin fan de tiid dat hofmeiers machtiger binne as keningen, trochdat de keningen har mear taleine op de 'werledlijke geneugten' en troch opienfolgjende jonge en swakke keningen)
Nei syn oerwinning op Merovingske kening Theuderik III (dy't troud is mei syn suster!) is er feitlik lieder fan Austrasië. Hy hold de oare keninkriken ûnder kontrôle. Dat er de Friezen as goeie tsjinstanners seach blykt út it feit dat syn soan Grimoald trout mei de dochter fan (hertog, dux) Redbad Theudesinde (Thiadsvind. Hy wurdt letter hofmeier Grimoald II en stoar yn 714. Hy is de lêste fan 'e Pipiniden. Mei syn bruorren Drogo (stoar 708) en Childebrand (678-753).
Dêrneist hat er in soan by syn minnares Alpaida: Karel Martel (686-741), dy't letter de lêste part fan 'e Friezen oerwinne sil. En net allinne dat: hy keart de arabsyske ynfaazje en bringt in grut part fan Europa ûnder syn gesach. Karel de Grote sil syn wurk ôfmeitsje. Karel Martel is de earste fan 'e Karolingen.
Karel Martel is de bastaardsoan fan Pippijn en wit úteinliks in beslissende slach tsjin 'e Friezen te winnen fan it bernsbern fan Redbad, dy't de earste Fryske graaf wurdt ûnder Frankysk regear.

De wichtichste redenen foar de opkomst fan de hofmeiers binne:


Seisde ieu benammen ieu fan 'e 'civil wars' en de ferskowing fan 'e sintrale macht nei macht fan 'e regio.
Oarlogen leveren skatten en lân op, needaaklik foar in kening om de adel dy't him stipe te beleanen. It fuortjaan dêrfan ha it Merovingyske keninkryk op lange termyn ferswakt, benammen doe 't in ein kaam oan 'e ekspansy fan it Frankyske ryk. Ek de ferdieling fan it ryk ûnder meardere soannen ferswakt de sintrale macht omdat se ta burgeroarlogen lieden.
Dêrby komt dat troch it betiid ferstjerren fan keningen de opfolger somtiden noch minderjierrich wie. De macht fan in kening hong tegearre mei persoanlikheid en de reeheid om himsels te mingen yn 'e problemen yn 'e regio. Minderjierrige keningen wiene yn dat opsicht swak en lieden ta rebelly. Ek te sterke keningen hiene problemen: sa waars Childerik II nei 2 jier keningskip fermoarde troch syn eigen adel.

De posysje fan 'e Frankyske adel yn 'e 6e ieu wie ambigue. De kening wie ôfhinklik fan har stipe en de adel ôfhinklik fan 'e 'favors' fan de kening. Beide wiene like geweldadich. Pas nei 613 kaam der relative rust en frede yn it Frankyske ryk.
De 7e ieu kenmerkt him troch in fersterking fan de adelike macht. Nei 613 boude de adel fierder op de ferovere macht en waard de macht fan 'e Mayors of Palace, de hofmeiers, grutter. De rykdom fan adel wie hast hielendal basearre op it besit fan lân.

De aristokrasy moast op deselde wize as de kening fjochtsje foar har macht/superioriteit. Ek sy wiene ôfhinklik fan de stipe fan oare edelen.
Yntern in soad twisten om hearskappij oer Austrasië, Neustrië en Boergondië.
De striid tusken Austrasië en Neustrië waard yn 687 beslikke yn it gefjocht by Tertry, ûnder lieding fan Pippin. Mar ek de 50 jier dêrnei bleau it in gefjocht om de dominansje. Yn retrospektyf wie dizze slach it begjin fan 'e Austrasyske dominansje, dy 't yn 'e 7e ieu konsolidearre waard, in perioade fan relative frede, wylst de kening fan Neustrië út regearre. Dêrtroch koe de Austrasyske aristokrasy har macht en rykdom langsem útbreidzje. Fan 'e 8e ieu ôf giene de Austrasyke hofmeiers op 'conquest' bûten it Frankyske keninkryk yn namme fan Frankyske kening.

Pippin II wie de júste man op de júste tiid, sawol foar de macht fan 'e adel as foar de macht fan syn famylje: hy waard hofmeier yn in tiid fan in swakke kening en in ôffallige adel. Hy wreide de macht fan de hofmeier oansjenlik út, sa as te finen is yn in 'Charter' fat troch de kening ûndertekene is. Nei de dea fan de hofmeier fan Neustrië yn 711, sette Pippin syn soan Grimoald (in oare soan?) op 'e Neustriën troan, mar dy wie noch mar in jonkje en waard net aksepteard. Dat leide ta aristokratyske twisten nei de dea fan Pippin yn 714. Dizze wurden troch Karel Martel, de ûnechte soan fan Pippin, oplost; it begjin fan 'e Karolingers.

De famylje fan Pippin wiene opportunisten, ambisjeus en gebrûk meitsjend fan 'e kânsen dy 't har foardiene. Se makken gebrûk fan 'e feroaringen yn tiidsgeast: de groei fan regionalisme, it belang fan regionale en lokale autonomy (noch as reaksje op de Romeinske sintrale oerhearsking).
Dêrneist is der bewiis fan in feroaring fan opfetting oer 'permanent' besit fan lân, net langer as ûnderdiel fan it ghiel, mar keppele oan regio.
Boppedat besochten de Franken net om nij ûnderwurpen minsken te yntegrearjen, mar se joegen Frankyske hertogen de lieding. Dizze trouden sa gau mooglik mei de lokale elites om har op dy manier oan har te binen.

sjoch artikel Emily Wilson



Willibrord


Fan 695 ôf is Willibrord 'aartsbisschop der Friezen' en komt yn dy funksje werom nei Utrecht om de Friezen te bekearen. Hoewol't Redbad him dat earder al wegere hie.