Friezen



Balder


Balder is in behindige, yntelligente jonge fan 14 jier. Hy is wytblond en ljocht fan hûd. Hy wennet mei de wize dwerch Kwasir op it kasteel Wiltenburg fan kening Redbad. Syn heit en mem binne omkommen by in oerfal fan ‘e Saksen(?) yn Noard-Fryslân. Hy is de helper fan Kwasir, mar docht ek oan ‘e lessen fan prinses Thia en Friso mei.

Karaktereigenskippen: Nijsgjirrich, earlik, wurket hurd. Bline flek: eigenwiis en oermoedich.
Balder hat geregeld nachtmerjes; oer fjoer, donder en bliksem, fjochtsjen en in ramp. Hy hat dan in fizioen oer syn dea en it ein fan 'e wrâld, al beseft er dat net. Kwasir fertelt him dat it herinneringen binne oan ‘e oerfal fan ‘e Saksen doe’t er lyts wie. (It is noch even de fraach Oft Balder noch wat wit of witte kin fan syn foarskiednis: wie der te lyts om dat noch te witten of is der wat mei syn geheugen dien? Byg. Fuorttovere/útwist, ferfongen troch de foarskiednis fan in oar.

Yn werklikheid is Balder de soan fan de goadinne Freyja (Frija) en de wichtichste Germaanske god Wodan (Odin). Hy komt út Asenlân, it lân fan 'e goaden, fuortstjoerd troch syn heit, nei 't dy fan in sjenneres te hearren krigen hie dat Balder fermoarde wurde soe troch syn eigen broer, Hod dy't blyn is. Frija wol dat net; se leaut it net. Foar de wissichheid freget se alle wêzens in eed ôf te lizzen om Balder net te fermoardzjen, ynklusyf syn broer. Odin leaut lykwols net dat er dêrmei rêden is. Hy stjoert Balder fuort nei de minsken, nei it hôf fan kening Redbad, ûnder begelieding fan Kwasir de wize dwerch. Sûnder meiwitten fan Frija. Odin fertelt har dat Balder mei Kwasir nei Hel is, om foar syn libben te pleitsjen. (Of tinkt Frija dat er foar altyd opsluten yn in grot by de dwergen? Of miskien (libben?) offere?)

Kwasir


Kwasir is in wize dwerch mei magyske krachten en in grutte kennis, fan krûden byg.. Hy is ûneinich âld en komt oarspronklik út de swarte bergen yn it Noarden fan it goadenryk (it Asenlân). Hy is de fertrouweling fan Wodan (Odin), syn adviseur en helper en hat de taak op him naam om Balder te beskermjen. Om te foarkommen dat oaren der achter komme wa ’t en wêr’t Balder presys is en om te soargjen dat er yn libben biuwt, sadat it needlot net taslaan kin en it goadenryk net ophâldt te bestean.

Hugo en Muno


Hugo (of Hugi) is ien fan 'e twa raven dy't Wodan op 'e hichte hâlde fan al it nijs dat se hearre. Hugo is mei Kwasir meigien, sadat dy op 'e hichte is fan wat der gebeurt yn it goadenryk. De oare raaf, Muno (of Muni), is by Wodan bleaun. Beide raven fleane elkoar temjitte om nijtsjes út te wikseljen.
(Nammen basearre op: Hug(g)in(n) en Munnin. De earste betsjut: gedachte, geast, ferstân, de twadde: gedachte, wil.

Ant


Ant is in slavin fan kening Redbad. Har heit en mem ha har oan kening Redbad ferkocht, doe't se noch hiel jong wie (en kening Redbad noch gjin kening). Se is in jier of fjirtich (tritich?, wat âlder yn dy tiid). Se hat opdracht om foar Kwasir en Balder te soargjen en de hut dêr't se wenje skjin te hâlden. Se wennet yn 'e bûtenhôf (of hat se plakje by it fjoer fan Kwasir?) Ant is in sympatike, soarchseme frou. Se hat gjin man of bern. Se behannelet Balder as wier er har soan. Se hat respekt foar Kwasir en is - yn tsjinstelling ta oaren - net bang foar him. Se is wol benaud foar de (wil fan) 'e goaden en is dan ek hiel from. Bline flek: se sjocht net dat je it lot yn eigen hân nimme kinne.

Friso


Friso Wurssing is de soan fan Ado Wurssing, ien fan de machtichste edele Fryske hearen yn it Fryske leger fan kening Redbad.
Friso is 13 jier, krekt wat jonger (of is er krekt wat âlder?) as Balder. Hy hat donker(read)blond hier. De mem fan Friso is omkommen tidens de berte fan Friso syn lytse bruorke (of suske?), in jier of fjouwer lyn.
Friso is guodlik, trou, mar kin net goed tsjin pleage wurde. Dan is er samar lilk. Syn heit is syn alles en ek syn lytse suske kin gjin ferkeard dwaan. Hy is wat lichtleauwich. Syn bline flek is dan ek dat er niks ferkeards oer oaren leauwe wol, gjin dûbele motiven fan oaren sjen kin. Alhielendal net fan syn eigen famylje.

(Prinses) Thia (Thiadsvind)


Dochter fan kening Redbad. Har mem is ‘rôve’ by in eardere oanfal fan ‘e Franken en is wierskynlik slaaf oan in Frankysk hôf yn Noard-Frankryk (by de legerlieder dy’t har fûn hat). Har heit hat har ferwend om dat ferlies goed te meitsjen. Se hat de wrâld oan ‘minnen’ fersliten. Net yn ‘t lêste plak om ‘t dy swanger rekken fan kening Redbad en fan it hôf fuortmoasten. Se is alve jier, hat in grutte mûle en de wrâld yn pacht. Se eigenwiis, fernimstich, blier. Huppelet sûnder soargen it libben troch. Thia hat read hier, yn in lange flecht. Bline flek: se leaut net dat er wat ferkeard gean kin yn har libben.

Kening Redbad


Kening Redbad is de Fryske kening, opfolger fan Aldgilles. Aldgilles tolerearre it kristlike leauwen yn Fryslân, mar Redbad net. Dat hat alles te krijen mei it ferlies fan syn frou: sy is troch it Frankyske leger rôve en ta slaaf makke. Hy kin dêr net goed mei omgean en lost dat meast op troch self in nustje Frankyske soldaten te oerfallen en ta slaaf te meitsjen.
Kening Redbad is in moedich man, in grut strateech, mar faak sjagerijnich, soms sels agressyf. Hy hat altyd pine-holle om’t er by in oerfal mei in swurd op ‘e kop slein is. De helm lei midstwa, mar gelokkich wie syn kop noch hiel. Hy nimt alles wat ferdôvjend wurkje kin: alkohol, rokerij, krûdebrouwsels (fan Kwasir). Hy hat in swak foar froulju, mei se graach fersiere, al hâldt er dat graach geheim foar Thia. Want sy is syn alles, hy ferwend har.
Syn bline flek: hy kin him net goed ynlibje yn de sitewaasje fan oaren, is frij egosentrysk.
Hy hat read hier en in grut read burd. Hy draacht it keningsswurd altyd. (It swurd dat letter troch Grutte Pier brûkt wurdt?).

Ado Wurssing


Ado Wurssing is slûchslimme edele man fan in jier of fjirtich. Hy is ryk wurden fan hannel mei de Franken en hat dêrmei in ynfloedrike posysje yn 'e Fryske mienskip krigen. Eigenskippen: sjocht oeral syn foardiel yn, hat in rûch soart sjarme oer him, sjocht der goed út, hat gefoel foar moade en moaie dingen. Bline flek: hy kin him in libben sûnder rykdom net foarstelle. Hy wol noait ta slaaf makke wurde (en winsket dat oaren ek net ta?). Hy hat syn frou ferlern tidens de berte fan syn jongste dochter. Friso, it freontsje fan Balder, is in soan fan him. Der is ek noch in gruttere broer fan in jier of 16, dy moat noch in namme ha. Balder bewûnderet him om’t er al soldaat is.

Hero Wurssing


Hero is de grutte broer fan Friso. Hy is soldaat yn it Fryske leger. Hy is stoer en wit dat ek. Hy fynt Balder, Friso en Thia lytse bern, dy't net witte wat der yn 'e wrâld te keap is. Hy mei ek graach by de (slavinne) froulju omhingje, mei it doel seks te hawwen. Hy hat in grutte bek, mar is net ferkeard. Hy is gewoan net sa hiel tûk.

Alde Gryt, muoike Met, lytse Gryt en oare froulju


Slavinnen dy 't wenje op 'e bûtenhôf. Se meitsje in libben fan hurd wurkjen oangenaam troch oer alles en elkenien te rabjen. Alde Gryt is it ferstannichst en hat it oerwicht. Muoike Met is de bêste rabber. Se sil net neilitte in ferhaal moaier te meitsjen of eventueel te betinken as se dat noadich fynt.

Louwrina (Veleda/Albruna)


Louwrina is de wiersister, de sjenneres, dy't Wiltenburch oandoacht foar de Joel. Yn werklikheid is se Loki, de meast veelzijdige god dy't it Germaanske goadenryk telt. Hy is de heit fan de fijannen fan 'e goaden; de Midgardslang, Fenrir (Fenris) de wolf en de Hel, mar helpt de goaden ek út drege siewaasjes. Loki is in kwelgeast, dy't dêr wêr't er kin ûnrêst saaie sil, mar eintsjebeslút self ek ôfhinklik is fan it bestean fan 'e goaden.

Sjoch ek Seherinnen, Simek, 1984, s. 346



Fenrir (mooglik nije namme)


Wolf, dy't grutbrocht is troch Loki en altyd by him is. Hy wurdt sa grut dat er echt gefaarlik is en yn Asenlân fêstlein wurdt oan kettingen. Dat mislearret twa kear, de tredde kear brûke se it metaal Gleipnir, dat licht en sterk is. It omdwaan kostet de God Tyr syn hân.

namme, de skald



Sjoch ek: Skaldendichtung, Simek, 1984, s. 355


Ek: Skaldenmet (mede), dat út it bloed fan Kwasir makke wurdt en de jeft fan 'e dichtkeunst ferlient, s. 355



Mats, de jongleur/akrobaat



oaren