ûntsteansskiednis fan 'e Friezen



werom research tiid

werom tiid

Friezen?


Yn ‘e archeology binne gjin ûndûbelsinnige ynfalshoeken om Friezen te identifisearjen. Yn ‘e betide midsieuwen stiene Friezen bekend om har ‘lakense’ stoffen, mar dêr is mar in hiel lyts bytsje fan weromfûn. It is net seker oft de Friezen de stof sels makken of der allinne yn hannelen. Guon betide ‘kogelpotten’ wurde foar Frysk fersliten, mar ek dat is net wis. Ut it bytsje histoaryske boarnen (skreaun troch Franken en Saksen) dat der is, kin frij oertsjûgjend konkludearre wurde dat de Fryske taal sprutsen waard fan Seelân oant Denemarken. It doetiidske keningkryk Fresia struts him út fan it Swin yn Flaanderen oant de rivier de Wezer.
kaartGrootFriesland_M

útwreidingen fan it Frankyske ryk


kaartopkomstFranken

útwreidingen fan it Frankyske ryk, it boek spilet him ôf yn it gebiet fan raster 1


oarsprong fan ‘e Friezen


Julius Caesar beskreau as earste de bewenners fan Noardwest-Europa yn syn De Bello Gallico yn it midden fan de 1e ieu foar Kristus. De Rijn wie foar him de skiedsline tusken twa folken: De Kelten, yn it suden en westen derfan en de Germanen yn it noarden. Gjinien sil him dêrtroch oansprutsen fielt ha. It wiene sammelnammen foar grut tal stammen.
De Friezen ferskine in ieu letter (om 79 nei Kr. hinne) nei Caesar by Plinius. Yn syn Naturalis Historia fermeldt er de Frisii as ien fan folken dy’t by de Rijndelta libje.

Wêr begjint it folk fan Friezen? De earste bewenning fan ‘e kwelders yn Noard-Nederlân begjint 7-6e ieu foar Kristus. It wiene wierskynlik kolonisten út Noordwest-Nedersaksen, Drenthe, mooglik ek Noard-Hollân. Se hearden allegear by deselde kultuergroep (fan Weser oant West-Nederlânske kust), wêrtroch gjin ferskillen oan te wizen binne. Yn it brûken fan geometryske patroanen op ierderwurk soe de ynfloed sichtber wêze kinne fan de folle súdliker Hallstatt-kultuer dy’t yn ‘e betide Izertiid grutte parten fan it Europeeske kontinent beynfloedden. In eigen Fryske styl ûnstie yn 4-3e ieu foar Kr.
Wommels_ierdewurk_L

Ruinen-Wommels III pot


Wat sûnder foarbehâld Frysk neamd wurde kin is it ierdewurk om 200-100 foar Kristus, it saneamde ‘streepband’-motyf; oker of oranje ierdewurk (earder folle donkerder) en wurdt fûn yn it hiele gebiet dat as Frysk omskreaun wurdt. En dêrbûten, yn Súd-Hollân, Utrecht en oan ‘e monding fan ‘e Weser, wierskynlik troch hannelskontakten.
Streepbandpot_L

streepbandpot Baard


Romeinen (12 foar Kristus-400 nei Kristus)


De Romeinen foelen 12 foar Kr. it Nederlânse en Dútse kustgebiet binnen. De Friezen waarden doe ek ûnderwurpen, al kostte it der Romeinen ferskate ekspedysjes om har en oare stammen derûnder te hâlden. Nei 28 nei. Kr. waard de grins nei in konflikt weromlein nei de Rijn. Nei 47 nei Kr. waard it rêstich omt de Romeinen har benammen rjochten op Engelân en oare gebieten, al moasten der wol skatting betelle wurde (guod).
Wichtichsten boarnen foar bestean: feeteelt en akkerbou (hoewol’t de omfang net rjocht te skatten is). Fiskfangst en jacht wiene fan minder grut belang.

Yn ‘e rin fan ‘e 2e ieu lutsen Friezen fuort út ‘e noardlike kustgebieten, wierskynlik troch ferhege seeaktiviteit. Dat joech nei alle gedachten druk op de Romeinske grins. Yn ‘e 3e en 4e ieu brokkele it Romeinske imperium ôf, benammen troch ynterne problemen. De oanfallen op Romeinske stellingen nimme ta. Yn 297 n. Kr. is der sprake fan Fryske seerôvers dy’t as slaven te wurk steld wurde yn Gallië. De Romeinske oerhearsking einiget yn 406 (5e ieu). doe’t Gallië troch Germaanske stammen ferovere waard (fia de beferzen Rijn). De noardlike Romeinske grins, foarme troch forten by de grutte rivieren del, hold doe op te bestean. De betide midsieuwen begjinne hjir.

folksferhuzingen (hichtepunt 450 nei Kristus)


Sûnt 37 nei Kr. de Hunnen grutte parten fan Midden- en West-Europa trochkrústen en plunderden ûnstiene grutte ferpleatsingen fan Germaanske stammen; de folksferhuzingen. It hichtepunt fan ‘e migraasje wie om it midden fan ‘e 5e ieu hinne. Benammen Juten en Saksen lutsen by de kust del en oer de Noardsee nei Ingelân. Ek Friezen soene har hjir in mingd hawwe. (6e ieuwse Engelse kronyk Hengist en Horsa, oer striid tsjin nije ynfallers út it noarden) Ynfallers fan ‘e noardseekust waarden seerôvers neamd. De bewenning fan it Fryske kustgebiet wie om 400 hinne ferbettere, sjoen it tal grêffjilden út dy tiid dat fûn is. Deaden wurden begroeven of kremeard en yn in urn byset. Faak fersieringen en byjeften.

Oer delsettings is minder bekend. Meast yn it each springend binne ‘hutkommen’, ferdjippe skuorkes of wurkpleatsen. Men giet der fan út dat dy gjin wenfunksje hiene. Typyske bewenning bestie út in inkelde buorkerij mei in tal hutkommen dêr omhinne.

Troch de migraasje bestie der in sterke bân (persoanlik en polityk, en yn taal (runen)) tusken de ferskate Noordsee-folken, dat him utere hat yn yntinsyf seeferkear; ek wol de Noordseekultuer neamd.
Neist oarspronklike besteanswizen, dêryn’t benammen feeteelt in grutte rol spile, waard ek skipfeart en hannel hieltyd wichtiger.

Merovingyske perioade (430-751 nei Kristus)


De Merovingyske perioade, neamt nei de earste dynasty Frankyske keningen, oerlapet de folksferhuzingen, mar giet benammen oer de ynterne ûntjouwingen yn it gebiet. Nei it fertrek fan ‘e Romeinen bouwe lokale potentaten letterlik en figuerlik troch op ‘e resten fan it Romeinske bestjoer. Benammen de Frankyske Clovis is berucht om de agressive útwreiding fan syn machtsgebiet (tusken 481 en 511). Noard- en Midden-Nederlân hie net safolle lêst fan machtsstriden. Goudfûnsten út ‘e 4e en 5e ieu wize wol op lokale machthawwers yn Utrecht en Gelderlân, mar noardliker liket dêr gjin sprake fan. Fan de Fryske kening Finn dy’t yn ‘e Beowulf (6e, mooglk 7e ieu) neamd wurdt is net bekend oft er echt bestien hat.

Yn ‘e 7e ieu komt it Fryske gebiet ynienen yn fol sicht. De bewenners blike in grut part yn de hannelsfeart oer de Noordsee, de Mare Frisicum, te hawwen. De lizzing tusken Engelân, Denemarken, Sweden, Ruslân oan ‘e iene kant en it Frankyske achterlân oan ‘e oare kant is eminent dêrfoar. Dorestêd, op ‘e grins tusken Frysk en Frankysk gebiet, waard ien fan ‘e wichtichste trochfierhavens fan Europa. De Friezen wiene wend oan wetter, de regelmjittige kontakten mei Ingelân sille hieltyd langere hannelstochten mooglik makke ha. Se ferfierden in grut ferskaat oan produkten: tekstyl, wyn, ierdewurk, slaven. De namme Fries wie synonym mei hanneler. (It is mar de fraach oft dizze Friezen deselde minsken wiene as de Friezen dy’t de Romeinen neamden. Men soe de namme Fries oannaam ha kinne om besit (yn it earder ferlitten) noarden te legitimearjen. Hast alle terpen krigen nije nammen yn ‘e iere midsieuwen dy’t somtiden ferwize nei Angelen of in plak as Ribe.)
Benammen Westergo moat wolfearend west ha. Sjoch de fynst fan de fibula fan Winaam, en ek by Wiuwerd binne goudfynsten dien. It ûnbruts de 7e ieuwse bewenners oan neat: der waard iten sean yn Frankysk draaiskyf-ierdewurk en men dronk út ymportearre glês. Der waard ek edelmetaal bewurke.

De Fryske keningen (troch Franken hertogen neamd) hâlde har lykwols net yn it noarden op, mar yn west- en midden Nederlân. Twa binne by namme bekend: Aldgisl (oant 679) en Radboud, de ferneamde tsjinstanner fan ‘e Frankyske ekpansjedrift. Yn ‘e ‘Lex Frisionum’, in om 800 hine opsteld wetstekst, stiet dat it grutste part fan ‘e súdlike Noordseekust, fan Scinfal (Flaanderen) oant de Weser troch Friezen bewenne wurde. Der waard ûnderskie makke tusken de Frisia citerior (West- en Midden-Nederlân) en de Frisia proper (eastlik fan de Vlie (net mear besteand seegat ter hichte fan Skylge), mooglik fan West-Fryslân ôf). Oer lân giet de lijn fan Grins, fia it Flevomar, nei de Kromme Rijn. Eastlik dêrfan wennen de Saksen. It rivieregebiet foarme de ûnstabile grins mei it Frankyske ryk. Dorestad, de wichtichste betiid midsieuske hannelsplak, heart koarte tiid by de Friezen, mar falt eintsjebeslút wer yn hannen fan ‘e Franken.

Tocht wurdt dat yn ‘e 7e en it begjin fan ‘e 8e ieu de hannel kontrolearre en stimulearre waard troch de kening en in lyts groepke fertrouwelingen. Dizze koene it ‘ekonomysk surplus’ nei har ta helje en brûkten dat benammen yn ‘e relasjonele sfear, om eigen adel of relaasjes oer see geunstich te stimmen. Ek houliken waarden saaklik sjoen. Hannel, macht, relaasjes, wolfeart, binne de kearnwurden foar 7e ieuws Fryslân.

De Fryske maatskappij hat yn inkelde ieuwen in hiel oar oansjen krigen: de benammen egalitêr, yn essinsje agraryske mienskip yn ‘e tiid fan ‘e Romeinene feroare yn in ‘gelede’, pyramidefoarmige rike toplaach, mei dêrûnder in groep hannelers en hanwurkers. De brede basis bleau fansels foar de boeren. Fan in staat wie lykwols gjin sprake; alle struktueren wiene persoansbûn.

Nei Radboud’s dea yn 719 wie de Frankyske opmars net mear te stopjen. Yn 734 waarden de Friezen definityf ferslein by de Middelsee troch Karel Martel. Dat is sichtber troch de feroaring fan grêfrituelen. Fan dy tiid ôf wurde wapens meijûn. (Foarbyld begravenisgebrûk by de Friezen, ôfb. 14, lege grêfheuvels mei in kringgreppel, elk húshâlden syn eigen plak) Foar de hannel hie de ferovering trouwens gjin negative gefolgen.

Nei de krigers folgen de missionarissen. Yn 695 waard Willibrord wijd as aartsbisschop der Friezen. It kristlik leauwen bleau lang as Frankysk machtsmiddel sjoen. Pas ûnder Karel de Grote wurdt it hiele Fryske gebiet ta it kristendom bekeard. Dat is ek te sjen oan ‘e grêfrituelen; kremaasje koe net by de kristenen. Ek stoppe it meijaan fan grêfjeften.

Bron: Döring, J., e.a., Friezen, Saksen, Denen, culturen aan de Noordzee 400 to 1000 n. Chr.