striid tsjin it wetter



werom research lokaasje

werom lokaasje

wenjen yn 'e Rijndelta


De striid tsjin it wetter begjint neffens de skriuwer yn ‘e Romeinske tiid. De Romeinen ha benammen militêr-strategyske motiven om te wurkjen oan wetterbehearsking. Hoewol’t de Rijn in goede natuerlike grins foarmet, bouwe se damen, brêgen, diken, kanalen, grêften en wjitteringen om har posysje tsjinoer ‘e Germanen dy’t it gebied Noardlik fan ‘e Rijn behearskje en de Engelsen oersee te ferbetterjen. Se woene in ‘vlootbasis’ mooglik meitsje dy’t it mooglik makke om de Germanen fia de East-Fryske kust oan te falle. Fia de beskieden Vecht en it Flevo-mar of de Kromme Rijn en IJssel. Beide wiene net botte geskikt: de Vecht wie eins te lyts en it gebiet ten noarden fan Utrecht hie bot lêst fan oerstreamingen, wêrtroch it gjin betroubere farwei wie. De Romeinen bouden in leger/vlootbasis yn Vechten en besochten it wetter fia it noarden fan ‘e Betuwe ôf te bûgen. Dat koe regelmjittige oerstreamingen lykwols net foarkomme. Drusus makke ferbiningen tusken de Rijn en de IJssel en de Rijn en de Vecht om ta in bettere ôfwettering te kommen. Mar ek dat levere net genôch op om ta in oanfal nei it noarden te kommen. It lêste wetterwurk is fan 47 n. Kr. Yn it midden fan ‘e twadde ieu sjogge de Romeinen ôf fan in mooglike oanfal fan ‘e Germanen fia it easten en ferliest de vlootbasis Vechten har betsjutting.

De twadde perioade fan striid tsjin wetter omfiemet de terpebou yn Fryslân. Oant yn ‘e 11e ieu hie Fryslân te krijen mei de iene nei de oare ramp: oarlogen mei it Frankyske ryk, it hieltyd stiigjende wetter en (letter) de Noormannen. Yn dizze perioade besiket men hûs en hiem te beskermjen tsjin it wetter. De grutte swier wâlden dy’t Hollân bedutsen gean yn dy tiid tenûnder, sizze de kroniken, troch stoarmen en oerstreamingen, grûnwetterstiging en fersâlting fan marren. Yn ‘e ‘Oude Goudtsche Kronijckxen’ wurdt it ferhaal fan Willibrord fertelt, dy’t yn it omfallen fan ‘e ieuwenâlde beammen in wûnder fan God sjocht en syn opdracht ta kerstening fan ‘e heidenen ûnderskriuwt. Ommers, de heidenen binne har natuerlike skûlplak kwyt.
De befolking wie yn dizze tiid lykwols net talryk genôch, en de technyske middelen wiene net goed genôch, om it sompige feanlân troch diken beskermje te kinnen tsjin ‘e krachten fan ‘e natoer. Men hat him beholpen mei it ferheegjen fan ‘e flier fan ‘e wenstee. En troch paden en diken op te heegjen troch twa sleatten oan beide kanten fan ‘e dyk te graven. De diken waarden fundearre mei takkebosken en reit. Oan dy dyk ienfâldige, reitdekte wenninkjes. Sa binne al yn ‘e njoggende ieu in soad langrekte doarpen yn feanstreken ûnstien.

Fan it jier 1000 ôf waard it mooglik om ek lannerijen tsjin it wetter te beskermjen troch bediking.

Bron: ?, foar twadde wrâldkriich, út Utrechts Archief


meanderjende rivieren


Meanderjende rivieren, sa as de Kromme Rijn, skaaimerke har trochdat se ien kronkelich rivierbêding ha, dy’t him mar langsem ferleit. Troch erosy ferleit de bocht him langsemerhân nei bûten, en fynt sedimentaasje, ôfsetting fan sân, yn ‘e binnenbocht; de kronkelwaard. De bêding oerstreamt elk foarjier troch weromkearend heech wetter. Troch ôfsetting fan meikaam materiaal ûntstean sânige ‘oeverwâlen’ by de rivier del en fierder fan ‘e rivier ôf klaaiige kommen. De kronkelwaard, de oeverwâlen en de bêding fan ‘e rivier foarmje de ‘stroomgordel’. It komt wol foar dat in rivierbêding in hiele oare loop nimt troch de oerstreamingsflakte. Dat is in wichtich proses by rivierdelta’s. Yn it Kromme Rijngebiet kaam dat faak foar; der ûntstie in yngewikkeld netwurk fan streamgordels ûntstien is, mei dêrtusken lege kommen, dêr’t fean ûntstie of dy’t fûlrûnen mei klaai. Op ‘e heger leine streamgordels wie geskikt foar lânbou: klaai boppelaach, sân op djipte sadat it wetter goed fuortrinne koe.

(Tink derom: yn 680 wie de Kromme Rijn in grutte rivier, mei in streamgebiet fan wol 100 meter breed. De Lek wie in lytse ôftakking dêrfan. Nei de grutte stoarmen yn ‘e 9e ieu is dat feroare; de east-west rivieren ha har ûntjûn ten kosten fan ‘e noard-sûd rivieren. AZ)

Bron: Berendsen, H.J.A. Het ontstaan van het landschap in het Kromme Rijn-gebied, in: Maandblad Oud Utrecht, 58e jrg., nr. 6, juni 1985


libjen yn it noardlik kust-gebiet


De kustgebieten fan Noord-Nederlân hiene foar de midsieuske bediking (10e-11e ieu) te krijen mei sterke feroaringen. See, waad en kwelder wiene dreech te folgjen. Men koe omgean mei eb en floed, en wie der oan wend dat it wetter yn ‘e winter oant de drompel stean koe, mar ferskowingen fan sânplaten en streamingen, de hieltyd stygjende wetterspegel dy’t ek in effekt hie op de ôfwettering fan ‘e rivieren en it grûnwetter soargen foar ferassingen.
Yn ‘e betide midsieuwen wiene benammen de 3-4e ieu en de 8-9e ieu fan belang. Tiden fan ridlik rêstige mar wol yngripende oerstreamingen. Yn de 8-9e ieu begjin fan foarming Middelsee en Lauwersee.

Bron: Döring, J., e.a., Friezen, Saksen, Denen, culturen aan de Noordzee 400 to 1000 n. Chr.