kasteel Wiltenburch
Hjirûnder sketsen en beskriuwingen fan 'e lokaasje sa't ik dy foar eagen ha.
kasteel Wiltenburch
Kasteel Wiltenburch is in houten kasteel, sa as yn dy tiid gebrûklik. It makket ûnderdiel út fan it hôf. It wurdt troch stiennen muorren omjûn, mei in houten boppepart:
De muorre beskermet it 'binnenhôf', dat bestiet út twa
parten: it part dêr't it kasteel stiet, en ek de
wapenopslach. En it foarhôf dêr't de hillige beam (in
taksus) en in tempel stiet. Op 'e binnenhôf wenje kening
Redbad mei syn famylje. Ek ynfloedrike edelen ferbliuwe
dêr. De measten ha lykwols in eigen herebuorkerij yn 'e
omkriten. Kwasir en Balder wenje ek op it binnenhôf. Op it
foarhôf om presys te wêzen, by de tempel (of it offerplak).
Se binne de iennigen mei in stiennen hûs. Mooglik leit der
foar de muorre in wâl of wetter.
Bûten de kasteelmuorren, mar binnen de houten pallisaden
(mei staken) wenje de measte bewenners fan Wiltenburch. It
hyt it bûtenhôf. It binne mindere edelen dy't yn it leger
tsjinje, soldaten, ambachtslju en slaven dy't yn it kasteel
wurkje. Bûten de pallissaden wenje alle oaren dy't belang
ha by it kasteel, foar hannel of wurk. Tink oan lytse
boeren, fiskers, frijmakke slaven, reizgjende ambachtslju
ensfh. Ek sy ha in pallisade of wâl om har wengebiet (sjoch
plattegrûn). Se wurde lykwols net beskerme troch wachters.
(Noch namme betinke foar dit part: it stee? Of de burch
(boarch)?)
plattegrûn
wichtichste ynspiraasjeboarnen
Sabatz, Castellum Dorestad, en in âld byld fan Utrecht fa 690 nei Kristus