Utrecht, Dorestad, Vechten



werom research lokaasje

werom lokaasje

Utrecht


Utrecht is ûntstien op it plak dêr’t de Romeinen yn 47 n. Kr. it grinsfort (castellum) Traiectum bouden. (Traiectum betsjut oertocht of oerstek, ek wol in ‘trecht’ neamd. ‘Uut’ komt fan ûnderrin (benedenloops).) It fort lei op heger terrein by in waad yn ‘e Rijn. It waard ferskate kearen fernield. Om 210 n. Kr. sil it castellum yn stien ynstee fan hout werboud wêze. Yn it easten en westen fan it fort leine (hannels)delsettingen (vici). It fort en it gebiet dêromhinne waarden yn 275 n. Kr. ferlitten. De Franken namen it terrein oer. Kening Dagobert (625-639) joech it castellum oan Willibrord dy’t der yn 695 twa tsjerken boude.

Bron: http://www.cultuurwijzer.nl/, zoeken: Utrecht (Domplein) -Trajectum


Mear ynformaasje, just oer perioade Franken-Friezen tusken 625-700 n. Kr.: sykje yn it archyf fan Utrecht.

Dorestêd (Dorestad)


Dorestêd ûntstiet yn it spanningsfjild fan twa folken, de Friezen en de Franken. De earste fermelding fan it plak is om 630 nei Kr. De namme Dorestat wurdt neamd op in Frankyske gouden munt (triens). De namme Dorestêd wie dus yn alle gefallen fan dy tiid ôf fan tapassing op ‘e delsetting dy’t lei op ‘e splitsing fan Kromme Rijn en Lek.

Der wurdt tocht dat de namme hearde by it Romeinske stiennen grinsfort Levefanum dat der noch altyd lei. Dat moat der útsjoen hawwe as in ruïne nei twa ieuwen net brûkt te wêzen, al sille de muorren en in tal wichtige gebouwen noch wol oerein stien ha. Der mei oannaam wurde dat it fort of syn direkte omjouwing sûnt de Romeinske tiid bewenne bleaun binne.

De Romeinen ferlieten it gebiet fan de Kromme Rijn om 400 nei Kr. hinne. It gebiet waard oan himsels oerlitten. De befolking wie yn ‘e 3e en 4e ieu sterk weromrûn, mar begûn yn ‘e 6e ieu wer ta te nimmen. Oft de bewenners ta in aparte groep hearden is net bekend. Wol is dúdlik dat se noait isolearre west ha; de Rijn ferbûn har sawol mei it westen as mei it súd-easten. Fan beide kanten kamen begjin 7e ieu ynfloeden: in Fryske, út it westlik kustgebiet fia de Utrechtste Vecht en in Frankyske oer de Neder-Rijn út it Dútse Rijnlân. By Dorestêd botsten dy beiden op elkoar.

De Friezen en de Franken bestriden elkoar it besit fan ‘e Rijndelta. It like der even op dat de Franken wûnen; om 630 nei Kr. liet de Frankyske kening Dagobert in tsjerkje bouwe yn it eardere Romeinske grinsfort Traiectum (no ûnder Domplein, Utrecht). De munt mei de earste fermelding fan Dorestat stamt út dy tiid.

Nei de ynsinking oan it ein fan ‘e Romeinkse tiid sil de maatskippij yn it rivierengebiet wer wat yngewikkelder wurden wêze. Dat brocht ferskillen yn rykdom en macht ûnder de befolking. Der ûnstie in klasse fan besitters, dy’t kontakten ûnderholden mei soartgenoaten yn oare gebieten. Dorestêd waard in kontaktpunt dêr’t geskinken útwiksele wurde koenen, en dêr’t Fryske en Frankyske hearen ‘eksoatyske’ , benammen lúkse guod krije koene: wyn, lânbouprodukten út it Mediterrane gebiet, wapens, sieraden en goud.

Hoewol’t de Franken Dorestêd graach yn hannen hâlde woene, slagge dat net. Om it midden fan de 7e ieu wie it sintrale rivieregebiet wer yn hannen fan ‘e Friezen. Oer Fryslân hearske doe de ferneamde kening Redbad. Ek Utrecht en Dorestêd foelen ûnder syn regear. Om 695 nei Kr. fersloech de Frankyske hofmeier Pippijn II (in soarte fan vise-kening. Hy rôp himsels letter ta kening út, AZ) de Fryske kening Redbad by it fort fan Dorestêd. It soe lykwols oant de dea fan Redbad yn 719 duorje oant Dorestêd definityf yn hannen fan ‘e Franken foel.

De rol dy’t Dorestêd spile yn tusken foar 630 en 650-719 is net dúdlik. It moat in Fryske foarpost west ha fan it machtsgebiet fan Redbad en syn foargongers yn Noard- en Súd-Hollân, de Vechstreek en it Kromme Rijn-gebiet. It bleau wierskynlik in kontaktpunt op ‘e grins fan twa ynfloedsfearen.

It belang fan Dorestêd leit yn it earste plak op it kommersjele mêd. Troch syn lizzing oan trochgeande wetterwegen spile it in rol yn ‘e ynternasjonale hannel. Der wiene kontakten mei Engelân, Noard-Dútslân en Skandinavië. Ut tolregisters blykt dat de hannel sawol út deistige as lúkse produkten bestie: pelzen, tekstyl, ferfstoffen, sâlt, iten, huning. Fierder wurden der ek jachthûnen en slaven ferhannele. Archeologysk trasearber binne: ierdewurk en glês út Keulen, wyn út Hessen, maalstiennen út ‘e Eiffel, Ut it Baltysk gebiet waarden grutte mingen barnstien oanfierd. Dorestêd liket yn bysûnder bân hân te hawwen mei it Dútske Rijnlân. It ôfsetgebiet fan Dorestêd lei net sa fier fuort: benammen yn West- en noard-Nederlân.

Dorestêd wie net allinne in hannelsplak, mar ek in sintrum fan ambachten. Der waard izer wûn út klapperstiennen, dy’t ferwurke wurden ta wapens. (Frankyske wapens wiene doetiid ferneamd). Fierder wurden der biennen kamen makke, brûnzen sieraden en kaaien getten, kralen en spinkloskes fan barnstien makke. De ambachtswaar wie fansels ek hannelswaar.

Wierskynlik is Dorestêd ek in soarte fan bestjoerssintrum west. It hie in eigen muntslach. It hat benammen bydroegen oan de Frankyske nasjonale ideology en de kristlike religy. It hie in grutte oantrekkingskracht op foarst, tsjerke en adel.

It farseizoen rûn fan maart oant oktober, dan krige Dorestêd besite fan keaplju út oare gebieten. It is tinkber dat de regionale en ynternasjonale kontakten keppele wiene oan in jiermerk. Dêrneist sille der ek lytsere merken holden wêze, dêr’t boeren út ‘e omjouwing har produkten oanbeane. It is nammentlik de fraach oft de ynwenners fan Dorestêd harsels hielendal fan iten foarsjen koene. Neist keap- en ambachtslju wennen der ek boeren en fiskers, dy’t yn alle gefallen in part foar har rekken namen.

Dorestêd moat yn syn tiid wat bysûnders west ha. Betiid-middelieuske boarnen sprekke fan in ‘hiel rike hannelsstêd’, dy’t ek troch syn grutte opfoel. Nei úze opfettingen wie it lykwols in net ymposant plak, alhiel oplutsen yn hout, mei in ynwennertal fan net mear as inkelde tûzenen.

Leuk detail: midsieuske ‘pudding’, wie populêr iten, komt fan it Fryske wurd ‘pûde’.

bron: Es, van, W.A. e.a., Van Dorestad naar Wijk bij Duurstede, Haadstik 2, Dorestad 7e - 9e eeuw; opkomst en ondergang van een bloeiende handelsnederzetting, siden 15-32


Dorestad


kaartDorestad