19 july 2005



werom

ôfspraken


Antine begjint nei de simmerfakânsje te skriuwen (de wike fan 5 septimber).
Yn prinsipe komme Babs en Antine ien kear yn 'e moanne by elkoar om it materiaal te bepraten.
Fêstlein binne de data:

deadline tekst/oerlis


Oerlis (tiid kin feroarje, plak n.t.b.), 29 septimber/6 oktober, 11.00 oere
3 novimber/10 novimber, 11.00 oere
1 desimber/8 desimber, 11.00 oere
29 desimber/5 jannewaris, 11.00 oere

Fierder ha we û.m. sprutsen oer:

wurkwize


Antine begjint mei it útwurkjen fan (haad)personaazjes en (haad)lokaasje. Oandachtspunten binne: karakter, motiven fan 'e personaazjes.
(protagonist, antagonist, wat binne har belangen, wat stiet der op it spul, wat is har beleanning/straf ensfh.)
Fierder: styl, ferhâlding beskriuwing/aksje. We wurkje net per haadstik, mar sille geandewei in planning bepale.

begelieding


Babs sjocht û.m. nei: identifikaasje mei karakters, djipgong.
Babs besjocht oft de synopsis sa't er der no leit better kin, byg. kwa struktuer, spanning, hannelingsferrin.
In krityske einredaksje fine we beide fan grut belang. Dêrom yn 'e planning rekken hâlde mei herskriuwe nei krityske lêzing troch Babs en oaren.

taal


De taal wurdt tagonklik, net persee goed Frysk, al hielendal gjin geef Frysk. (De Afûk-noarm is gjin útgongspunt). Leaver oanslute by taalwrâld fan de min-Frysk pratende jongere as ôfstân kreëarje troch te geef te wêzen. Ommers; jongeren lêze hast net mear, en al hielendal gjin Frysk dat se net (lêze) kinne.

yllustraasje


Noch gjin yllustrator sjoen, dy't kwa styl past by it idee dat we hawwe fan it boek. Is fan belang; moat beslist net bernich of 'edukatyf'. mar oanslute byg. by (kompjûter)spultsjes as Yu-gi-yoh. Yllustraasjes moatte dramatyske eleminten út it ferhaal ferbyldzje.
Fraach foar Mirjam: komme der ek yllustraasjes yn it boek of allinne op it omslach? En by de ferklearjende wurdelist?

rûge planning


Winter 2005, personaazjes klear, rûge ferzje earste part?
Foarjier 2006, rûge ferzje twadde part klear
Of earste part klear, maaie 2006
Fuortgongsferslach nei Fonds voor de Letteren
Simmer 2006, rûge ferzje tredde part klear. Of grut part klear foar earste lêzing tredden
Hjerst 2006, útwurkje rûge ferzje. Of lêste part klear
Winter 2006, earste ferzje klear foar lêzing troch tredden.
Foarjier, herskriuwe
Simmer 2007,tekst klear