9 febrewaris 2006



werom

Nei oanlieding fan: R.T. Segers (red.) Vormen van literatuurwetenschap, moderne richtingen en hun mogelijkheden voor tekstinterpretatie, hoofdstukken: literatuursemiotiek en narratologie:

tema


Tema hat mear mei identiteit te krijen as mei kultuer!

subject/object


It subjekt (de haadpersoan) longeret nei in objekt; hy/sy fielt in gemis.
Yn dit gefal: Balder mist syn heit en mem (famylje) en as Thia meinaam is troch de Franken ek har. Tsjinstelling: gjin identiteit – wol in identiteit.

Helpers Balder: syn freontsje Hero Wurssing, Kwasir, de goaden.
Tsjinstanners: goaden, Franken, Ado Wurssing,

Oer de ferrin ferhaal: manipulaasje (m), kompetinsje (k), haadútfiering (h), sanksje (s)
m = Balder wol kontakt mei syn heit krije (Kening Redbad en Kwasir ferswije syn ôfkomst)
k = Balder fynt it ûnrjochtfeardich dat Thia meijûn wurdt oan ‘e Franken
Balder wol de goaden oansprekke op har gedrach
h = Balder fynt syn heit en mem
Balder makket befrijing fan Thia mooglik
s = Balder krijt in idintiteit, erkenning
Balder wurdt (blykt) in God en oerwint dêrmei de dea
(Of: Balder bliuwt achter yn it Walhalla, dea, as er gjin God blykt)
(ein ferhaal)
Epilooch: Kening Redbad befrijt Thia en ferdriuwt de Franken út Utrecht en Dorestêd.

NB Ferhaal mei beslist net moralistysk wurde, en ek beslist gjin romantysk of nasjonalistysk byld jaan fan ‘e Fryske skiednis. De lêzer soe har eigen konklúzjes lûke moatte. Dêrom boek earder ophâlde as yn synopsis omskreaun?

sjenre


It is in ûntwikkelingsroman: Balder komt troch help en tsjinslaggen dêr wêr’t er útkomme moat (sa ’t it lot of God bepaalt hat). Moat djip ferstoppe wurde yn ferhaal.
Dizze foarm past goed by it sjenre: histoaryske/fantasy-roman.
As it my slagget om histoary en fantasy by elkoar te bringen is de roman ‘slagge’. Dêr leit de grutte útdaging. Ferbylding is noadich om te foarkommen dat it allinne mar in situaasjeskets jout fan libjen yn in drege, minder ûntwikkele tiid. Dat is saai. Ferbylding ûntbrekt faak yn Fryske histoaryske berneliteratuer.

Fergeliking wurk Akky van der Veer – Thea Beckmann: wêrom libbest by van der Veer net (minder) mei as by Beckmann?

personaazjes


Balder: hoe sjocht er nei de wrâld?
10 of 11 jier, blond, behindich
Eigenskip: nijsgjirrich
Bline flek: eigenwiis (en oermoedich, soe ‘k no taheakje AZ)

Thia: lestich suske (dat net echt syn suske is)

Kening Redbad: pseudo-heit, mei ek minne eigenskippen: byg. hat geheimen, docht net wat er seit, is agressyf.