13 oktober 2006



werom

nachtmerje


Underskie meitsje nachtmerje en fizioen.
Nachtmerjes bestean út eangsten, winsken en deiresten neffens Freud.

dea


Balder sil nei alle gedachten dea gean. (Heldedom kostet wat.)

ein


It is de bedoeling dat oan it ein fan it boek dúdlik is dat it tydperk fan ‘e Fryske keningen foarby is, selfs al wint kening Redbad de slach mei de Franken.

eksperimint


Neitinke oer eksperiment, gebrûk meitsje fan meardere media : byg. toanielfragminten. Yn alle gefallen lytse yllustraasjes fan foarwerpen of brieven.
Sjoch byg. Anne Wadman, Tink oan alle tiden. Oare foarbylden sykje.

taal


Begjinne mei (fierder) útskriuwen part 1. Taal is dêrby in oandachtspunt: It blykt net sa maklik om tagonklik Fries te skriuwen sûnder je ôphâlde te litten.
It wurdt dreech om te kiezen watfoar wurden ik wol of just net brûke sil.
Yn earste ynstânsje net te bot oer de taal neitinke, ha we ôfpraat. Mar de korreksje sil in heidens kerwei wurde... Miskien per part al dwaan.
Nei de útjouwer ta: de útjouwer mei net noch in taalkorreksje dwaan! De korreksje wurdt dien troch Babs en/of Tryntsje yn oerlis mei my. Oaren ha dêrnei gjin sizzenskip mear. Is foar my in betingst nei de útjouwer ta.

styl


Net tefolle omskriuwe, wat oan 'e ferbylding oerlitte. Mar wol sfear fan dy tiid mei jaan. In útgongspunt kin wêze: de ferhâlding fan 'e personaazjes mei de elementen.

plog


Op ‘e plog: ynformaasje oer mythologyske ferhalen, fan Balder byg. en ferslaggen fan ‘e petearen.