yntro
Wolkom op myn plog. Leuk datst der even bist. Op dizze site sil ik besykje it wurkproses fan Balder en de slach om Utrecht tagonklik te meitsjen. Om begelieders en belutsenen de mooglikheid te jaan om mei te sjen en te lźzen. En ek om research-, tekst- en byldmateriaal by elkoar te hālden en te oardenjen as tarieding foar publikaasje.
Foar de dśdlikheid: hjir wurdt net oan wittenskip dien, te finen is in samling fan gearfettingen en sitaten. Der kin dus ek tsjinstrige ynformaasje jūn wurde. Dat komt troch de ferskillende ynterpretaasjes dy't de boarnen jouwe fan it hiel beheinde argeologyske en histoaryske materiaal. Ik doch gjin muoite ta ien ynterpretaasje te kommen. Sterker, ik sil de romte brūke foar myn eigen ferhaal oer de striid tusken de Friezen en 'e Franken yn 'e tiid fan kening Redbad. Ik neam wol alle boarnen en ferwiis as noadich nei in oare opfetting oer itselde tema.
Dźrneist smoare de teksten fan 'e taalflaters. Dy ha lykwols even net myn prioriteit. Ik wol myn tiid op dit stuit leaver foar de ynhāld brūke as foar it goed oersetten fan teksten.
Reagearje? Dat kin fia de kontakt-button ūnder oan dizze side! Tank, grAZ
NB Op de teksten fan dizze site is copy-right fan tapassing. Niks mei sūnder tastimming fan my of oare skriuwers brūkt wurde!